Weppers freed 4-7

Weppers tongersdei 3-7
2 juli 2008
Weppers sneon 5-7
5 juli 2008

Nije trainer A’s en B’s
SDS hat in nije trainer fûn foar de A- en B-junioaren. It giet om nimmen minder as âld-proffuotballer Lody Roembiak. Hy spile yn it ferline ûnder oaren by SC Cambuur en Werder Bremen(sjoch
hjir syn CV). Hy wennet sûnt in pear jier yn Húns. SDS 5 hat noch wolris tsjin him fuotballe doe ’t hy by Blauw-Wit 8 fuotballe. Roembiak sil sneons SDS A1 koache. SDS is tige wiis mei dizze oanstelling en hopet no ek gau in leider foar de A’s en de B’s te finen.

Lody Roembiak yn it sjurt fan Werder Bremen.

Iepen WK (1)
Tongersdei wie it iepen WK. Stadionbouwer Mark Postma hie wer in moai fjild útsetten. De kâns dat de bal no yn de feart rolje soe wie minimaal. It begong mei 8 en einige mei 12 man. Der binne wol wedstriden dat it oarsom is. Gearard Posthumus wie skerp as bûter en syn ploechgenoaten makken dêr gebrûk fan: se setten him hieltyd frij foar it doel.

Iepen WK (2)
Moandeitejûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe op it fuotbalfjild om 19.30.

Iepen WK (3)
Der is in mooglikheid om de iepen WK’s as taskôger te besykjen. Je kinne efentueel ek in VIP-boks keapje(klik
hjir).

Wat dogge de SDS’ers sneon?
Wij krigen noch wat oanfullingen en dogge noch wat oannames.
Gerard van A –
Ik keapje sneon in tûne. Der gooi ik pek mei feren yn en gean der de hiele dei yn sitten, bin ofrûne tiisdei 3e graads ferfikke!!
Tsjalling        – pearke keatse yn Dronyp mei freondin Jolanda
Menno Bruinsma – Op fakansje
Feiko           – keatse yn Itens
Gerrit F.       – keatse yn Itens
Marije          – Jongfammenpartij keatse
Jildou          –  bij jonges keatsen sjen
Sietske        –  bij jongeskeatsen sjen
Erik             – de priis winne yn
Itens en maten sykje foar 2009
Jacob Klaas – ien omloop keatse yn Itens
Jelte Piter   – twa omlopen keatse yn Itens
Feite          – meidwaan yn Itens
Oebele       – karmasterje bij jongefammenpartij
Willem        –
wâldrokke 
Hendrik       – mei gipspoat omrinne
Jaap           – de ljisk rêst jaan
Henk          – fiskje
Mark          – websiden bouwe
Jeroen        – kluske ôffervje
Aant          – Erik de priis winnen sjen
Dennis       – As in kroade keatse yn Lollum
Pytrik         – keatse yn Driesum
Bauke        – keatse yn Driesum
Redmar      – keatse yn Driesum
Gerard van Asselt – “Ik keapje sneon in tûne. Der gooi ik pek mei feren yn en gean der de hiele dei yn sitten,bin ofrune tiisdei 3e graads ferfikke!!”
alle oare Eastereinders – karmasterje bij jongeskeatsen
alle oare Wommelsers   – ledenkeatse
alle oare Itensers        – karmasterje  yn eigen doarp

Hawwe jim in oanfulling, in feroaring of in oanname, mail it nei dizze adressen.

Ek froulju meitsje wolris in foutsje
Jim hawwe hjir al in soad bloopers fan mannen sjoen. Fannemoarn binne wy der efter kaam dat ek froulju mei it fuotbaljen wolris in “lyts foutsje” meitsje. Sjoch en genietsje:


Wat foar waar wurdt it moarn?
Sa foar it wykein binne je altiten benijd as it waar it wykein wat knap wurdt. Hoe ’t it waar yn Itens by it 1e-Klas keatsen wurdt witte wy net en ek by de “Kroadepartij” yn Lollum kin it noch alle kanten op. By de Jong-Fammen-partij yn Mantgum sil it wol drûg bliuwe. Dat it yn Burgum by Wâldrock reinen giet is wol wis(klik hjir).


Moarn mear!