Weppers sneon 5-7

Weppers freed 4-7
3 juli 2008
Weppers moandei 7-7
6 juli 2008

Hielendal mis
Wij hiene it hielendal mis yn ús foarbeskôging. Want wij mienden mei reedlike sekerheid en op basis fan it ferline wol aardich ynskatte te kinnen hoe’t it ús SDS leden sneon fergean soe. 

Jacob Klaas: Wij tochten ien omloop yn Itens en dan oan it bier. It waard in finale plakje. Wij hawwe begrepen dat hij ekstra motifeard wie troch ús opmerking foarôf.

Gerrit Flisijn: At wij Jacob Klaas ferkeard ynskatte dan Gerrit dus ek. Tanksij him wie it dochs noch in leuke middei foar Jakob Klaas.

Jelte Piter: Wij hiene se op winst tsjin Jakob Klaas en dy mar sûnder efterynse is it dreech keatsen.

Hendrik: wie mei syn gipspoat yn Itens en hij fermakke him bêst.

Tsjalling: hat ûndanks it pearkekeatsen noch altyd in freondinne.

Feite : Wij skriuwen: “docht ek mei yn Itens” Dat klopte. Ien omloop sûnder op te fallen.

Erik : Wij hiene al ús jild op him setten. Mar om tsien minuten oer tolven koe Erik al wer nei hûs. Net dat er dat die, mar it hie kinnen….

Dennis: Kroade keatse yn Lolllum skreaunen wij. Neffens ús korrespondint wie der yndie wat mei in kroade en Dennis …

Harm Auke (ús korrespondint) : Hat ek wat mei Lollum en ferlear twa kear. Komt fit yn Itens oan

Willem hie syn tradisoniele kistjes oandien foar Wâldrock. It wie lykwols hast de hiele tiid droech, dus hiene sandalen ek moai stien.

Aant seach Erik net winnen yn Itens mar seach Sjoukema wol hieltyd foarbij kommen mei woarst en tsiis. Nim ús in oare 1 ste klas partij wêr’t elkenien op tsiis en woarst trakteard wurdt sa’n middei!

Goeie tarissing?
Wij krije wat bylden troch fan ien fan ús korrespondinten út Ljouwert. De foto’s jouwe mooglik de reden oan fan it matige keatsen fan Erik yn Itens.


Gisteren is de jongste Haitsma gespot op één van de vele trapveldjes in Leeuwarden. Hij nam het op tegen een aantal schaarsgeklede dames. 


Shirtje trekken vond Erik dan ook heel normaal.


De oplettende kijker(vanaf het balkon) nam waar dat hij fanatieker was dan 99% van de training van SDS1.

Nij libben

Fan pake Henk Bootsma krigen wij dizze foto mei it berjocht dat Abe Jan en Liesbeth in dochter en Redmer in suske krigen hawwe. Brecht is de namme. Fan herte lokwinske!