Weppers tongersdei 3-7

Weppers tiisdei 1-7
30 juni 2008
Weppers freed 4-7
3 juli 2008

Nije trainer
It is sa goed as wis dat wy moarn de nije trainer fan de A’s en B’s oan jim foarstelle kinne. Dit soe in moaie opstekker wêze.

B1 slút seizoen ôf
“Sneon 28 juny, de day after the Eastereinder feesten, ha we noch efkes mei de B-junioaren in gesellige ôfslúting hân”, dat binne de earste wurden fan it alderlêste ferslach fan dit seizoen. Hoe lekker it wie, hoefolle der wiene en wa’t de roaskes krigen kinne jim
hjir lêze.

Folgend WK
Jûn wurdt der om 20.00(en net 19.30 dus) wer fuotballe op it fuotbalfjildsje yn Wommels. It is in iepen WK(Wommelser Kampioenskip), dus eltsenien is wolkom.

Gjin weppers
Hawwe wij in kear dei gjin weppers, dan krije wij sokke berjochten: “Wêr binne de weppers fan woansdei”? groetnis Anne-Marije.
Wij kinne dêr koart oer wêze: At it waarmer en benauder is as 29 graden dan wurdt der net weppere.

Wer werom
Martijn Rispens en Bram Strubbe besletten 2 seizoenen lyn om te stopjen mei fuotbaljen. Wy binne bliid dat sy werom kommen binne op harren beslút. Sy hawwe harren foarige wike wer oanmelden as lid.

Ek nij
Ek bij de jeugd is der noch in nij lid bijkommen:
Almar Kramer fuotballe yn Boalsert bij JVB en siet ferline jier yn E1 en hat no de leeftyd fan in D. Wykeins komt hij yn Easterein te wenjen op de van Eysingaleeane en wol graach fuotbalje bij SDS. Almar fynt fuotbal super en hat der no al sin oan. 

Net sa wiis
De keepers yn Brazilië binne net sa wiis mei de nije wize wêrop de Braziliaanse spilers harren penaltys nimme(klik
hjir).

Wêr binne jim sneon?
De simmerstop sjit al moai op. Normaal sprutsen melde wij freeds altiten hoe’t de alvetalyndieling is. Dat is noch net nedich. Mar wij soene dochs wolris witte wat de SDS-ers de kommende sneon útfrette.
Wij meitsje fuort mar efkes in begjin mei wat oannames en hoopje freedtejûn in folsleine list te hawwen.
Erik            – de priis winne yn
Itens
Jacob Klaas – in omloop keatse yn Itens
Jelte Piter   – twa omlopen keatse yn Itens
Feite          – meidwaan yn Itens
Oebele       – karmasterje bij jongefammenpartij
Willem        –
wâldrokke 
Hendrik       – mei gipspoat omrinne
Jaap           – de ljisk rêst jaan
Henk          – fiskje
Mark          – websiden bouwe
Jeroen       – kluske ôffervje
Aant          – Erik de priis winnen sjen
Dennis       – As in kroade keatse yn Lollum
Pytrik         – keatse yn Driesum
Bauke        – keatse yn Driesum
Redmar      – keatse yn Driesum
alle oare Eastereinders – karmasterje bij jongeskeatsen
alle oare Wommelsers   – ledenkeatse
alle oare Itensers        – karmasterje  yn eigen doarp

Hawwe jim in oanfulling, in feroaring of in oanname, mail it nei dizze adressen.

Foar de punkers
Op it heden binne it de rokers dy ’t it swier hawwe. 20 jier werom wienen it de punkers. Dêr binne úteinlik net folle fan oerbleaun. Spesjaal foar harren makke Strawelte dizze klassiker.