Weppers freed 4-12-2020

Jou dy no op foar it Sinteklazetoernoai!
1 december 2020
SDS-Sinteklazetoernoai knap slagge!
5 december 2020

Sinteklazetoernoai

Moarn is der foar de jeugd fan de JO15, MO17, JO17 en de JO19 it Sinteklazetoernoai. It begjint om 9.00 oere en is rûn 11.30 oere klear. Kom op tiid sa ’t wy lyk los kinne!
Heiten en memmen, pakes en beppes, buorlju kinne noflik op bêd lizzen bliuwe……. of nei de meubelbloulevard,……………… of nei joga…………………..of nei de sauna……..

Stiper

Undanks de Korona slagget it ús haad PR Bauke de Boer noch altiten om stipers binnen te heljen. Sa hat hy no Balansie út Wommels sa fier krigen om SDS te stypjen mei in advertinsje yn de Treffer. Hjir binne wy tige bliid mei.

SDS-paraplu

Mocht Sinteklaas noch in SDS-paraplu fuortjaan wolle dan kin dat fansels. Lit it ús hjoed witte dan hawwe je him moarn. Mail nei info@vv-sds.nl! It kostet Sinteklaas mar 15 “pesetas”, dus dêr kin it net om oergean.

SDS-sokken

Mocht Sinteklaas noch in pear SDS-sokken fuortjaan wolle dan kin dat ek fansels. Lit it ús hjoed witte dan hawwe je se moarn. Mail nei info@vv-sds.nl! It kostet Sinteklaas mar 10 “pesetas”, dus dêr kin it net om oergean.

Sealbalje……….

Sa rûn dizze tiis begjint it ferskrikkelijk te kribeljen om yn de seal te baljen. Spitich genôch mei dat troch de Koronakrisis net wylst der wol follybald wurde mei………….. of joga…………..of nei it tsjerke…………….of de Ikea……… It begjint hielendal te kribeljen as wy dit lêze.

Aldjiersdeisealbalje

Jierren lang wurdt der al op âldjiersdei sealballe yn de sporthal fan Easterein. Dit jier wurdt dat neat y.f.m. de Korona………. Om de tradysje net ferlern gean te litten dogge wy der alles oan om op âldjiersdei in sealtoernoai foar de jeugd fan SDS te organiseren. Hâld de webside yn de gaten! Set mar fêst yn de aginda dat it fan 13.00-16.30 duorret 😉

SDS-Look-a-likes

Wy binne alwer drok dwaande mei de Kryst-treffer en sjogge dan ek wer út nei jim SDS-look-a-likes!
Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!

Rûntsje foar de klup!


Je kinne SDS stypje troch in “rûntsje foar de klup” te jaan. Ynmiddels hawwe wy al fan 26 lju wat krigen en dat is hielendal net sa gek. Lês der hjir mear oer en klik hjir om in rûntsje te jaan.

Harsens derby (2274)

Ho!