SDS-Sinteklazetoernoai knap slagge!

Weppers freed 4-12-2020
4 december 2020
Weppers moandei 7-12-2020
7 december 2020


Fannemoarn wie der foar de jeugd fan de JO15, MO17, JO17 en de JO19 it Sinteklazetoernoai. It gie om 9.00 oere los en wie om 11.30 oere dien. Der dienen sa ’n 45 fuotballers en fuotbalsters mei. Sy spilen foar FC Sinterklaas, FC Pepernoot, FC Pieterman, FC Chocoladeletter, FC Stoomboot en FC Schimmel.

Trochdat der op it lêste momint wat lju ôfheaken troch sûnensklachten waard it wat yngewikkeld om de teams goed op nivo yn te dielen. Uteinlik wienen de measte teams goed oanelkoar weage. Sa hienen de nûmers 1 en 2 likefolle punten lykas 3 en 4.
FC Schimmel gie der mei de haadpriis fan troch om ’t sy 1 doelpunt mear foar hienen as FC Stoomboot. Beide hienen 10 punten en in doelsaldo fan +6.
FC Pieterman waard 3e troch in better doelsaldo as FC Sinterklaas.
De earste trije prizen wienen allegear in alderaardichste “Sinteklazeslagreammetaart”. Elkenien hat hjir úteinlik hearlijk fan genietsje kinnen.

De nûmers 1 fan FC Schimmel; Fenna Sweering, Jesmer Zonneberg, Jelmer Brouwer, Raymond Terpstra, Bartele Bouma, Sjirk Vellinga en Jelmer Abels.

De nûmers 2 fan FC Stoomboot; Tim van Hiel, Jildert Hiemstra, Douwe-Jan Vellinga, Tiemen Bergmans, Redmer Wiersma, Luuk Meijer en Johan Gaastra.

De nûmers 3 fan FC Pieterman; Jochem Scholts, Mohammad Baghdadi, Jelmer de Boer, Larissa Euper, Yke Gaastra, Ate Schaap en Tsjalling Bouma.

De wedstriden waarden floten troch Jappie de Boer, Minne Bouma, Marc van Hiel en Johan Hiemstra. Fierdere omballingen waarden fersoarge troch Anneke Gaastra en Leonie Euper.
Tige by tige allegear!