Sneon 31-8-2019

Weppers freed 31-8-2019
30 augustus 2019
Weppers moandei 2-9-2019
2 september 2019

Hawwe jim wat aardichs te melden oer je wedstriid, in ferslach of oars wat aardichs, mail it dan nei aant@vv-sds.nl en/of willem@vv-sds.nl.

09:00 SDS JO12-1 Zeerobben JO12-2
09:00 SDS JO8-1 Annaparochie St. JO8-1
10:00 SDS JO9-1 Workum JO9-3G 11-3
10:15 SDS MO15-1 LSC 1890 MO15-1 3-8
10:25 ST SDS/Nijland JO17-2 Workum JO17-2G 0-3
12:00 SDS JO19-1 Franeker SC JO19-2 7-0
14:30 SDS 1 Beetgum 1 6-2
08:45 Franeker SC JO13-2 ST SDS/Nijland JO13-1 3-3
10:00 vv Nijland JO11-1 SDS JO11-1 0-9
10:30 SC Bolsward JO15-2 ST SDS/Nijland JO15-1 1-4
10:45 SJO Arum/Stormvogels ’64 JO15-1 ST SDS/Nijland JO15-2 12-5
11:30 Waterpoort Boys JO19-1 SDS JO19-2
12:00 SJO Oudega/HJSC/Heeg MO19-1 SDS MO19-1 7-0
12:30 Zeerobben 3 SDS 2 1-5
12:30 SDS VR1 ST Dronrijp/Foarut VR1 g.n.t.

SDS 1 – Beetgum 1

SDS 1 helle in reguliere oerwinning tsjin in Beetgum 1 dat goed partij joech.
Skoareferrin:
Beetgum 0-1 (Shaquille van der Velde)
Lourens van der Pol 1-1
Frank Bervoets  2-1 (strafskop)
Beetgum 2-2 ( Robin Bruinsma)
Peter Hoogerwerf 3-2
Steven van der Pol 4-2
Steven van der Pol 5-2
Marco Rijpkema  6-2

Zeerobben 3 – SDS 2    1-5

De visserijdagen yn Harns en dochs fuotballen de Zeerobben tsjin SDS 2. Dat is klasse, dat hat wolris oars west. At dy slopende dagen dêr fan ynfloed west ha op it resultaat fan Zeerobben 3 is in fraach wêr’t je gjin antwurd op jaan kinne. SDS 2 helle in moaie 1-5 oerwinning. Doelpunten wiene der fan:

Ewout
Dirk
Wesley
Lieuwe
Jildert

SDS JO 19-1 suksesfol

Trainer-koach fan SDS JO19-1 Henk Mulder, woe it keatsseizoen goed ôfslute en moast it koachen oerlitte oan Floris Hiemstra en Durk Klijnsma. It waard in klinkende 7-0 oerwinning.  Dy koaches diene echt alles goed, hawwe wij begrepen. Utsein de doelpuntenmakkers, dy moatte se noch efkes trochjaan…….
En dan komt  it sneintemoarns appke fan Floris : Stan 4× Kevin 1 Kent 1 en de moaiste wy fan Anco

SDS VR2 oefent

SDS Vr2 hat freedtejûn efkes oefene tsjin in Snitser team. Se kamen mei 1-3 efter mar wisten der noch in moaie 3-3 fan te meitsjen.

Efkes ballers op syk nei âld talint

Efkes Ballers nimme nea rêst. Dat is harren goed rjocht. It foarjier en simmers yn Wommels en de rest fan it jier yn Easterein. Soms hawwe se in snipperfreed fanwege feesten en partijen mar oars binne se der allegear. Utsein wannear der blessures binne. Dat kinne se net brûke want it oantal Efkes Ballers is krekt grut genôch.
No binne der blessures. Net oprûn tidens it baljen mar fanwege âlderdom. Dat duorret dan meast ek wat langer. Dus kinne der wol wat Efkes Ballers bij.


Kom gerêst in kear del om te sjen at it wat is om freed efkes in oere en 2 doelpunten te baljen.
Wat jonger as dy âlde mannen dy’t no efkes ôf witte litte, is prima.

Justerjûn in boeiend potsje fan 3 hesjes tsjin 4 oaren. De hesjes wisten op it goeie momint te skoaren en joegen de foarsprong net úthannen. Je witte dat de twa winnende doelpunten dan in proai wurde foar de 4. Uteinlik dus allegear wer tefreden.
Mei hes: Johan, Ferrie en Harrie
De oaren: Syb, Kerst, Doede Douwe en Menno