SDS-League: “De Regenjas” pakt de wykpriis!

Weppers freed 30-10-2020
30 oktober 2020
4 novimber 2002
4 november 2020

Mei mar leafst 84 punten pakke de SDS’ers om útens Kris Gaastra en Thor Ruiter mei “De Regenjas” mei oermacht de wykpriis yn de SDS-League. “FC Systeemplafond” fan Jacob-Klaas Haitsma rekkene him al ryk mei 72 punten, mar komt dus noch 12 punten tekoart.

“De Regenjas” nimt de kopposysje oer fan “Bulder” fan Jan Mulder en stiet no ien puntsje foar.

“De Flierefluiters” fan Jildert van der Werf hat iets te lang genoaten fan de wykpriis fan ferline wike. Sy sakje dizze wike lyk mei mar 31 punten fan it 3e nei it 18e plak.

“Ut de losse pols” fan Aant Hofstra hat de reade lantearn oerdien oan “Lyts Urk” fan Lieuwe Vriesema en “Overal United” fan Sybrecht Overal en Willem Twijnstra.

SDS League 2020-2021 earste helte stand wike 3