Weppers freed 3-5-2019

Weppers tongersdei 2-5-2019
2 mei 2019
Sneon 4-5-2019
3 mei 2019

SDS JO19-1 wint en giet fol foar it kampioenskip!

SDS JO19-1 hat juster yn Makkum mei 3-2 wûn fan Makkum JO19-1. Wierd Hofstra wie de man fan de wedstriid mei 3 goals! Op it ein fan de wedstriid wie it billenknipe, mar it bleaun gelokkich 3-2 en de 3 punten kin byskreaun wurde.
Mocht SDS JO19-1 no nije wike sneon winne fan sc Berlikum dan komme sy ien puntsje ûnder koprinner MKV’29 te stean en de lêste wedstriid fan it seizoen is……… MKV’29 – SDS!
Thús waard noch mei 4-0 fan MKV’29 wûn………. Mar earst nije wike mar ris winne fan sc Berlikum! Hjir ferlear de JO19-1 earder noch mei 2-1 fan…..

De derby Scharnegoutum 1 – SDS 1


Sneon 16 maart koe dizze derby net trochgean om ’t it fjild yn Skearnegoutum op it lêste momint ôfkard waard. Dat sil no f6est net it gefal wêze.
Scharnegoutum giet fol foar de lêste Perioade en stiet dêrby ek boppe-oan. Foar SDS is der ek noch in kânske op dit pryske, mar dan moat der moarn wûn wurde.
Trainer Douwe Posthuma ferwachtet moarn dat de folgende spilers der hielendal klear foar binne:
Jaap Toering, Bauke Dijkstra, Erik Haitsma, Frank Bervoets, Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong,  Lourens van der Pol, Marco Rijpkema, Matthijs Postma, Pieter Sijtsma, Remco Hylkema, Wiebe Heeres en Wierd Hofstra.
Sy wurde om 12.45 oere ferwachte en hawwe om 13.00 oere bespreking.
Jacob-Klaas Haitsma is der net y.f.m. yn itensfergiftiging en Ewout de Boer hat noch altiten tefolle lêst fan syn skouder. Jelmer Posthumus is der ek net.

SDS Vr.1 – sc Joure Vr.1 g.n.t.

SDS Vr.1 soe moarn om 12.15 oere tsjin sc Joure Vr.1 moatte, mar sc Joure hat te min spylsters. Dan mei syn allen mar nei Skearnegoutum om de manlju fan SDS 1 te stypjen tochten wy sa!
SDS Vr.1 spilet kommende woansdei om 19.00 oere thús tsjin Tzum Vr.1.

SDS 2 – Makkum 2

SDS 2 hat noch in pear puntsjes nedich om feilich te wêzen foar degradaasje. Tsjin nûmer 11, Makkum 2, sil SDS 2 dan ek op syk nei de 3 punten. Trainer Okke van der Kamp sil dit dwaan mei de folgende seleksje:
Gertjan, Feite, Jort, Anne, Niels, Watze, Sjoerd, Ralph, Yward, Jorrit, Arjen, Jurjen en Tjeerd.

SDS 4 – QVC 3

Se hawwe der wer sin oan de mannen fan SDS 4. Moarn stiet de wedstriid tsjin QVC 3 op it programma en QVC stiet tegeare mei Hielpen 1 boppe-oan yn de kompetysje. Fan sokke ploegen wolle je winne fansels!
[30-4 12:21] Steffen Jokertje: Aanwezig 💪🏼
[30-4 12:25] Wouter Jan Postma: Ik kom w sjin
[30-4 12:41] Gert jan hessels: Aanwezig
[30-4 12:56] Sytse hibma: Aanwezig
[30-4 13:00] Allert Turksma: Aanwezig
[30-4 14:08] Peter Stuiver: Aanwezig
[30-4 16:51] Jelmer Brouwer: Aan
[30-4 17:09] Thomas (President): Maar aan
[30-4 17:23] Arjan Hallama: Aanwezig
[1-5 17:46] Klaas Bouke SDS: Lijkt erop dat ik zaterdag toch vrij ben, dus dan aan
[2-5 08:11] Tseard: Aan!
Igor
Jildert
Doede-Douwe
Om 13:00 earst in bakje yn de kantine.

Jacob van Wieren op dreef yn Utert!

Ald-SDS’er gie ferline jier hast werom nei SDS, mar krige in baan yn de buert fan Utert, dus dat gie net troch. Ynmiddels hat hy dêr de smaak alwer aardich te pakken by Sporting ’70, want hy wit de goal aardich te finen. Dit stie dêr yn it AD:

SDS-tas foar mar 15 euries!

Yn gearwurking mei Muta-Sport kinne wy noch in pear SDS-tassen ferkeapje foar mar 15 euries!
Wolle je ek sa ’n tas, keapje dan moarn ien yn de bestjoerskeamer!
Der binne noch mar 2 tassen te krijen.
De nûmers 59 en 61 binne noch beskikber.
Op=op!
Underyn de tas sit in spesjaal fak foar de fuotbalskuon.
Normaal koste dizze tassen 33 euries.

 

Wepmasters

Beide wepmasters binne wer ris op ‘e strún wêrtroch it efkes wat rêstige op de SDS-side is dan jim fan ús wend binne. De iene wepmaster laad him op troch by de Loire del te fytsen en de oare troch nei in Punkfestival yn Dútslân te gean. Rekkenje mar dat de enersjy nije wike wer fan de SDS-side ôfknald!

Harsens derby (2126)

Somtiden wol de bal der mar net yn………………….