Weppers tongersdei 2-5-2019

SDS-League: ‘Sapper de Vlap’ pakt de wykpriis!
1 mei 2019
Weppers freed 3-5-2019
3 mei 2019

Makkum JO19-1 – SDS JO19-1

De wedstriid Makkum JO19-1 – SDS JO19-1 stie foar sneon op it programma, mar wurdt fannejûn al ferspile om 19.00 oere yn Makkum.

Betterskip, Bote!

Op sneon 9 febrewaris rekke Bote Strikwerda by SDS 2 blesseard yn de wedstriid tsjin Leovardia. De wedstriid wie noch mar krekt dwaande en hy like in ‘swipeslach’ te hawwen. Mei in pear wiken rêst moast it better wêze. It knapte allinnich net op en hy moast foar in MRI. Syn achillespees blike skuord. Ferline wike tongersdei is it mei in operaasje repareard. Bote moat it no in pear wiken rêstich oan dwaan. It herstel kin al mei al wol in jier duorje sei de dokter………….. Wy hoopje him earder wer op it fjild of yn elts gefal oan de kant fan it fjild te sjen. Wy winskje Bote in bult betterskip ta!
De betterskipkaartsjes kinne nei ‘t Bosk 14, 8731 BL Wommels of kom efkes del foar in bakje kofje!

Keatskamp, dus kantine jûn ticht

Dizze wike is der oant en mei freed in keatskamp op sportpark de Skoalleseize wêrtroch wy sa lang gjin gebrûk meitsje kinne fan de kantine. Dy is dus jûn ticht.

SDS 3 is frij…….

De measte teams fan SDS meie sneon wer los útsein SDS 3. Sy hawwe in ûneven oantal ploegen yn de kompetysje en tafallich binne sy no krekt kommende sneon frij nei twa ‘frije’ sneonen…….. Tongersdei 9 maaie meie wol wer los en meie sy út ynhelje tsjin VVI 3.

Alderaardichst

Football fans were unsure whether the stunt was real or fake

Harsens derby (2131)

As je it sa wolle, dan slagget it net…………