Weppers freed 27-6

Weppers woansdei 26-6
25 juni 2013
SDS-Look-a-likes!
26 juni 2013

Efkes Balje
Jûn sil der wer efkes balle wurde yn de Arena fan Wommels. Ek Eastereinders dy’t al útfeesten binne nei 2  dei binne gewoan wolkom.

Yndielingen
De KNVB hat bekend makke dat op woansdei 17 july de kompetysjeyndielingen fan de oare seniorenalvetallen bekend makke wurde.

Oefenje
De wat te folle besprutsen klup sc Hearrenfean begjint de kommende wike mei de earste oefenwedstriid. Sa as altyd is dy yn Gaasterlân-Sleat. Tiisdeitejûn 2 july yn Bakhuzen dizze kear.

Oefenje (2)
Ynformaasje oer de oare earedevysjeklup yn Fryslân kin net efter bliuwe. Sij oefenje freed al tsjin DTD, de tradisjoniele earste tsjinstanner van Cambuur sûnt ????

JeudePelote
Jûn foar de leafhawwer de finale fan it peloten yn Littens om 19.30 oere. Dy giet tusken Wytmarsum en Wommels.


Alderaardichst


Graspop
De wepmaster mei it measte hier op ‘e holle is no al unwennich fan it gers. Dan dit wykein mar nei Graspop yn Belgie. Der is gjin bal te bekennen, mar oan lichaamsbeweging gjin gebrek……

Harsens derby(1058)
As dit wol mei is de fraach, mar dizze pingel is dochs alderaardichst nommen:



Letter mear!