Weppers woansdei 26-6

Alde doaze weppers
23 juni 2013
Weppers freed 27-6
25 juni 2013

Bauke de Boer “nije” PR-man

Vanaf ongeveer april heeft Bauke de Boer de functie van Enne Johannes overgenomen in het bestuur. Bauke zit dus in de PR en vanuit die functie in het hoofdbestuur. Bauke is binnen SDS niet een onbekende want hij heeft eerder in de PR gezeten en vorig jaar nog heeft hij heel veel SDS ers op de foto gezet voor de teamkaarten.
Wij wensen hem hierbij veel succes!
SDS-bestjoer

Trefferbesoarger Chris Postma stoppet
Chris Postma haldt nei jierren(wa wit hoe lang?) de Treffer besoarge te hawwen yn Wommels op. Wy wolle him hjirby tige tank sizze foar al dy Treffers dy ’t hy yn waar en wyn besoarge hat.

Nije Trefferbesoarger
Wy binne der tige wiis mei dat wy ek alwer in nije Trefferbesoarger foar Wommels fun hawwe. Gelf Ykema sil de taken fan Chris oernimme. De oare helte fan Wommels wurdt noch altiten dien troch Theunis Boonstra.

Seizoensferslach SDS E1
Ien seizoensferslach kaam krekt te let binnen om yn de Treffer opnommen te wurden. Hjirby dat ferslach:

It ofrune seizoen begun mei 3 wedstryden foar de beker, tsjin Makkum E1, Frentsjer E1 en Zeerobben E1. Dizze ploechen, foaral Frentsjer en Zeerobben, wiene wol in pear maatsjes te grut foar us. Mar we koene dit moai sjen as in training foar de kompetysje. Yn de neijierskompetysje eindige E1 yn e middenmoat. Yn desimber binne de jongens de seal yngongen foar it KNVB-sealtoernooi. Dit toernooi wie in oantal sneonen fan desimber tot februari fuotbalje yn e seal yn Ljouwert en Grou. De leste wedstriid fan it toernooi wie yn februari. De jongens fan E1 diene it geweldich yn e seal. Op de leste dei waarden se hjir ek noch KAMPIOEN.

De foarjierskompetysje begun wer in maart mei sterke tsjinstanders as Balk en ONS.

Tsjin Balk waard twa kear dik ferlern, wat ek terjochte wie. Hiel faak waard de 1e helte goed spiele, en wie de twadde helt folle minder. Hjir troch gong elke wedstryd ferlern.

Tot de ommekear begin maaie thus tsjin Joure. In prachtige pot fuotbal mei in 4-3 oerwinning.

Ek de wike derop pakten we trije punten tsjin SWZ. En de leste wedstryd tsjin Oudega/HJSC waard ek noch wun. Ek no mei 9 punten eindige E1 yn e middenmoat.

Nei dizze leste wedstryd stie de mannen fan E1 noch ien utdaging te wachtsjen.

Op snein 2 juni moast E1 it opnimme tsjin de Memmen. Dit spektakel fun plak yn Reahus.

Under ideale omstandicheden en in prachtige akkomedaasje wiene de memmen kansleas.

De jongens fan E1 wunen mei grutte sifers, 6-0.

It kommende seizoen mei dizze jongens nei de D’s op it grutte fjild.

Wy ha der sin oan !!!!!!! 

Ferry & Theo.

Easterein Rocks
De jubileumedysje fan de Eastereiner Feesten sette jun al utein mei de 4e edysje fan Easterein Rocks. Dit kear sille sy de feesttinte op de kop sette. It begjint om 21.30.

FK-Jeu de Pelote
Yn Easterlittens binne sy wer dwaande mei it Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote. Hiel wat SDS’ers binne der dwaande. Wommels mei tongersdeitejun yn de heale finale pelote tsjin Easterein! Freed is de finale.

Alderaardichst
De nije fuotbalplaatsjes yn Italie binne drukt:


Kollum
Us favorite kollumnist hie sneon wer in krease kollum yn it AD. Wier de muoite wurdich(klik hjir).

Harsens derby(1057)
Dy Confederation Cup kin us stellen wurde. Wy halde it leaver by amateurfuotbal: