Weppers freed 25-6-2021

EK-weppers
25 juni 2021
Stân SDS EK-League 27 juny
27 juni 2021

Regiokup mei supporters!

SDS JO17 spilet sneon om 10.30 oere thús tsjin SJO DFC JO17 yn Easterein foar de Regiokup. Foar it earst yn tiden meie der wer supporters by. It is al lyk de lêste wedstriid fan it seizoen.

Yn Nijlân

De lêste wedstriid fan ST. SDS/Nijland JO15 is sneon yn Nijlân. Sy spylje dêr om 11.00 oere tsjin SJO DFC JO15. Ek foar harren is it de lêste wedstriid fan it seizoen en meie der supporters by.

Oefenje

Op inkelde plakken yn Fryslân wurdt der dit wykein troch senioaren fuotballe om ’t dit it earste wykein wer is dat it mei en der supporters wolkom binne. Mei om blessures te foarkommen wurdt der by SDS net troch de senioaren fuotballe. Mochten je dochs in wedstriid sjen wolle dan kinne je yn Harns terjochte by de oefenwedstriid Zeerobben 1 – AVC 1.

Op slot

De wedstriid fan SDS JO17 sneon is de lêste wedstriid fan dit seizoen. Nei de wedstriid gean de goals fan it fjild en giet it fjild in skoftke op slot en kin der grut ûnderhâld plakfine. Ergens begjin augustus sil SDS 1 as earste wer begjinne te trainen.

Lytse poppe

Ferline wike hawwe Sieta Tessemaker en Peter Stuiver in lytse poppe krigen. Sy hjit Lieke. Fansels nei Lieke Martens fan Barcelona;) Fan herte lokwinske allegear!

Sponserkommisje

Igor Kalinowski is út de wedstriidsponserkommisje gien om ’t hy folgend seizoen graach studere wol. Der is ynmiddels in ferfanger fûn yn de persoan fan Allert Turksma. Hy sil no tegeare mei Johan Postma wedstriidstipers sykje foar de thúswedstriden fan SDS 1.

Yndraafsjurtstiper socht

Foar de froulju fan SDS Vr.1 binne wy op syk nei in geskikte yndraafsjurtstiper. Liket it jo wat of witte jo ien lit it dan witte fia info@vv-sds.nl.

Wa wol dizze froulju no net stypje?

Flagger

SDS 2 lit witte dat sy der tige wiis mei binne dat Klaas de Haan ek folgend seizoen wer by harren flagje wol.

Data

Sa rjochting july dan binne je wol benijd nei de kompetysje-yndielingen en it programma alfêst foar folgend jier. Dit lit dit kear allegear wat langer op himsels wachtsje. Dit binne de wichtige data foar de kommende moannen. De kompetysje-yndieling foar bygelyks SDS 1 wurdt 9 july bekend makke, mar it programma pas op 28 augustus. De bekeryndielingen komme 30 july en it bekerprogramma in dei letter.

Attint

De frijwilligers fan de Skoalleseize krije of hawwe in attinsje fan de Skoalleseize krigen y.fm. de Koronatiid. Tige by tige hjir foar!

De nije Treffer

Wy hawwe noch efkes wachte mei de Treffer om it lêste nijs út de Regiokup ek mei te nimmen en hoopje him moandei by ús haadstiper en drukker Van der Eems bringe te kinnen. Dêrnei nimt de Trefferredaksje efkes skoft.

Harsens derby (2306)

Machtich!