EK-weppers

Stân foar de 8e finales
24 juni 2021
Weppers freed 25-6-2021
25 juni 2021

Tradysje

Mei de SDS EK- en WK-Leagues docht de famylje Faber/Yntema it eltse kear tradisjoniel goed. Yn 2014 en 2018 wûn Lieuwe-Jan Yntema de SDS WK-League en yn 2010 Hessel Yntema. Dit kear giet Klaas-Bouke Faber fol foar de titel en stiet nei de earste ronde iiskâld boppe-oan.

Frysk


Wij miene somtiden dat wij aardich Frysk binne, mar der is immen dy’t ús oertreft. Wij krigen nammentlik fan ien fan de dielnimmers it ynfulde formulier werom en dêrop stiene alle lannen dy’t trochgiene nei de folgjende ronde yn it Frysk op.
At wij it foar it sizzen hiene, dan hie dat om ús wol 25 bonuspunten opleverje mochten. Mar ja, sa wurket it net. Moai dien Hessel Yntema.

Giele kaarten

Ien fan de bonusfragen wie dat jim it oantal giele kaarten foarsizze moasten. Dat is iepen fraach wêr’t elkenien op syn eigen wize nei sjocht.  Wij hawwe no 36 wedstriden hân en it oantal giele kaarten is 98. Dat is inklusyf de twa giele kaarten dy’t de Poal krige dy’t er mei read útstjoerd waard.

Wij kinne al fêststelle dat dizze dielnimmers oan de lege kant ynskatten hawwe. Sij sille op dit ûnderdiel gjin punten helje

Sybrecht Overal/pake Willem Twijnstra 20
Jelle Wiersma 31
Okke van der Kamp 32
Tom Wijnia 32
Hendrik Engbrenghof 34
Margit Cnossen 36
Jort Elferink 61
Ate Feike de Boer 64
Frans-Pyter Terpstra 75
Dirk en Mika 75
Appie Posthumus 86

It gemiddelde is no 2,72 per wedstriid en dan soene wij útkomme op 138 kaarten. Kânshawwers foar punten binne dan…….

Anne Jan Hallema 135
Jildert van der Werf 136
Larson Hek 138
Hessel Hek 144

Topskoarders

Fan de 54 dielnimmers wiene der 3 dy’t Lewandoski as topskutter oanjûn hiene.  Dy sil it net wurde, want Poalen is nei hûs. Alle oaren binne noch yn de rees. Utsein dy iene dy’t Haaland opskreaun hat.  In geweldige spits mar hij is der net bij mei syn Noorwegen.

Topskoarders (2)

Der is ien dielnimmer dy al seker acht kear syn skuon opiten hat……….. Pieter Wijnia hat Morata fan Spanje as topskoorder fan it EK foarsein en dy mist noch wolris in kanske. Juster wûn Spanje mei 5-0 fan Slowakije en Morata mocht in penalty nimme…….. hy miste…….en dat wie net syn earste kans dit toernoai……

Reade kaarten

Ek mei it rieden fan it oantal reade kaarten kinne je alle kanten út.  It fariearret bij ús dielnimmers tusken de 2 en 13. Mei ien reade kaart oant no ta, is elkenien noch yn de rees.
Ja sels Appie Posthumus docht noch mei. Want dy tocht werom oan syn eigen fuotbalkarriere en skatte yn dat der 27 reade kaarten falle sille. Dat is net te hoopjen, want dan wurdt it de kommende 15 wedstriden ien grutte skoppartij.

Alderaardichst

Afbeelding