Weppers freed 25-3

SDS League: Feite en Bauke pakke wykpriis!
24 maart 2011
Seleksjes sneon 26-3
24 maart 2011

Dooitze bliuwt
Justerjûn is ek bekend wurden dat Dooitze Nauta ek takem jier wer fersoarger is bij SDS.

Seleksjes
Justerjûn is der wer flink puzzele om de senioren-alvetallen foar sneon foar klear te krijen. De (measte) seleksjes binne letter hjoed te sjen.

SC Trynwâlden 1 – SDS 1
Foarútsjen wat beide klups tsjinelkoar dien hawwe yn it ferline is
hjir te sjen.

Jaap de Blaauw
Soene wij in oersicht meitsje fan de skiednis dy’t Jaap de Blaauw hat op it fjild bij Trynwâlden dan is de konklúzje : Noch nea ferlern dêr.
Dat jout hoop.

Standen
Fan de wedstriidsikretaris krigen wij in oersicht fan de standen fan alle wedstriden oant no ta. Sjoch
hjir.

Dropdrop
De SDS jeugdleden sille ynkoarten bij de doarren lâns om drop te ferkeapjen foar SDS. Jim kinne
hjir alles lêze.

Oarloch
Yn Libie oarloch, mar tichterbij giet it ek om de macht. Sjoch
hjir
 

Syn nocht
Derksen hat nei ien wike syn nocht al wer fan Hansie. Dit sei hij juster:
,,Hij probeerde grappiger te zijn dan Genee, cynischer dan mij en leuker dan Van der Gijp. Nou, dat lukt je niet. Ik heb genoeg van hem. Hij probeert een act op te voeren, meer niet”, aldus Derksen voor de microfoon van PowNews. (BVDL)

Ferhúze
Dy wepmaster sûnder bril is ferhúze fan de Walperterwei nei de “Wetterwyk”. It gie sa moai as wat. Hy kin no mar moai útrêste. Hy sit in wike sûnder ynternet en 4 wike sûnder tillefoan………………

Harsens derby(434)
Dizze hûn is gek op froulju(sfuotbal):