Efkes Ballers wer soepel los

Weppers freed 21-5-2021
21 mei 2021
Traine yn it Abe-Lenstra-stadion
23 mei 2021

It wurd fersoepelingen hinget al in moai skoft yn de loft. Soepel giet it lykwols net mei de fersoepelingen.
Wannear kin der wer wat?
Op in terras sitte, dêr like it allegear wol om te gean. At dat wer mocht begong it libben wer.
Sûnt de terrassen iepen binne is it noch net boppe de 13 graden west en draaie heaters oeroeren.
Ik sjoch in komplot mei waarman Gerrit Noardwestenwynstra en waarfrou Diane Woei.
Wat at je gjin terassitter binne mar gewoan in leafhawwer fan it spultsje binne.
Wat at je al mear as in heal jier je spieren soepel hâlde mei wat doelleas drave of fytse, wylst je graach it spultsje dwaan wolle.
Freed 21 maaie 2021 wie it safier. In mingd selskip, sommigen fanwege leeftyd al mei in prikkie, kaam op it prachtige fjild yn Wommels bijelkoar foar de earste Efkes Balje edysje fan 2021.
11 man mar leafst.
Dat hiene noch mear wêze kinnen at immen syn jierdei wat better pland hie en at immen net benaud wie om “van de Weg” te waaien fanwege in stoarmeftige Diane Woeiwyn.
It gie wer as fanâlds. Simpel balferlies, knullige bewegingen mar ek eachstrieljende doelpunten en floeiende oanfallen..
Neat gjin ûnwennichheid foar dizze ballers, wol foar de skuon fan Sipke. Dy hie op lêst ien en twa heale en koe dus mar in heale jûn bijskriuwe.
Sij mei de hesjes wûnen de earste en twadde partij en sij sûnder hesjes de slotstriid. Dat wie goed foar de moraal.
Hesjelju: Lieuwe, Remco, Syb, Folkert Rients, Sipke (letter Aant)
Sûnder hesjelju: Jurjen, Wouter, Bonne, Kerst, Sjirk, Aant (letter sûnder Aant)