Weppers freed 20-5-2022

SDS-League: ‘Op nei de Top’ pakt de haadpriis!
19 mei 2022
Sneon 21-5-2022
21 mei 2022

DJ Baggel

Om ’t SDS 1 moarn syn lêste thúswedstriid hawwe soe wie DJ Baggel ferline jier al boekt. It fuotbalskema gie om, mar it komt no moai út dat SDS 3, 4 en 5 moarn it seizoen ôfslúte en SDS 2 thús spilet. DJ Baggel draait fanôf in oer as 16.30 oere. No al nocht yn!

CVVO 1 – SDS 1

SDS 1 mei moarn nei de Lemmer yn de striid om it 5e plak. Dizze seleksje sil dêr om 14.30 oere spylje tsjin CVVO 1:
Jaap Toering
Luuk van der Schaar
Gerwin Sijbesma
Remco Hijlkema
Jelte-Pieter Dijkstra
Gerbrand Kramer
Wierd Hofstra
Pieter Sijtsma
Matthijs Postma
Teun Heeres
Lourens van der Pol
Steven van der Pol
Hendrik de Jong
Peter Hoogerwerf
12.30 oanwêzich
12.45 besprekking
13.00 fertrek

SDS 2 – Makkum 2

SDS 2 draait hartstikke noflik dit seizoen en wolle dat de lêste 3 wedstriden graach trochsette. De seleksje wurdt wol hieltiten smeller, mar is noch sterk genôch om moarn ek fan Makkum 2 te winnen liket ús sa ta. Dizze mannen moatte it dwaan:
Anco, Douwe, Wesley, Eeltsje, Jort, Kevin, Robin, Sietse, Sjoerd de V, Tjitse, Wessel, Tim, Jeffrey en Bauke (as hy útkeatst is).
De wedstriid begjint om 14.30 oere.

NOK 2 – SDS 3

SDS 3 slút it seizoen ôf mei in útwedstriid tsjin NOK 2, oftewol NOK out. Dit wurdt de seleksje:
Anne, Bote, Frank, Habtamu, Haije-Jan, Inne, Jildert, Mark, Tsjipke, Willem, Jelte, Jens, Ate en mooglik noch in pear.
Sy fertrekke om 12.45 oere út Easterein.

Makkum 4 – SDS 4

Oan de seleksje fan SDS 4 waard hiel lang sleutele, mar mei 6 man kinne je nte folle……….. De seizoensôfslúting falt yn it wetter……

SDS 5 – sc Franeker 6 g.n.t.

SDS 5 soe moarn it seizoen ôfslúte tsjin sc Franeker 6, mar sc Franeker hat te min spilers……

Foto’s plaatsjesboek

Henk Bootsma is der moarn wer om foto’s te meitsjen foar it SDS-jubileumboek. Hy moat om 11.00 oere ek wer yn Wommels wêze om it Haadklasse keatsen op de plaat te setten, dus moarn sille wol allinnich deJO11-1 en de JO10-1 op de foto komme. Jongens en famkes dy ’t noch net west hawwe kin tusken 8.30 oere en 9.30 oere Henk Bootsma wol efkes freegje om harren op de plaat te setten.

Pupillen fan de wike

Ofrûne sneon wienen Fin Wagenaar en Tymen Stenekes de pupillen fan de wike en gienen nei de tiid mei harren held op de foto.

Keapje in seizoenkaart fan sc Heerenven en stypje SDS!

Elkenien wol no fansels wol in seizoenkaart fan sc Heerenveen hawwe. Mochten je ien oanskaffe wolle of je seizoenkaart ferlinge sjoch dan hjir efkes dan kinne je SDS ek noch stypje.

Nije websjop

Sûnt koarten hawwe wy in nije websjop wêr as je SDS-klean en sa krije kinne by MUTA. Nije wike mear hjir oer.