SDS-League: ‘Op nei de Top’ pakt de haadpriis!

Woansdei SDS-ledengearkomst
16 mei 2022
Weppers freed 20-5-2022
20 mei 2022

It is ‘Op nei de Top’ fan Marten Faber dy ’t yn de lêste wike dochs noch de haadpriis pakt. Hy bliuwt Durk Okkema mei ‘vv DWO’ krekt ien puntsje foar. Seriette Strikwerda wie de lêste wiken koprinner, mar moat mei ‘Tadic on Fire’ genoegen nimme mei in dield 3e plak.


Op nei de Conference League! 

Grutte winner dizze wike is Marc Hoekstra. Mei ‘Hoekie Boys’ pakt hy mar leafst 102 punten en pakt hy net allinnich de wykpriis, mar giet hy ek fan it 12e nei in dield 3e plak.

By Sjoerd van Beem giet hjoed de flagge út. Mei ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ eindigt hy mar leafst 25 punten heger as Jaaps ‘Torpedo Toering’. Dat kratsje Hertog jan is binnen.

Hendrik Eringa wurdt hielendal ‘Paranoid’ as hy heard dat hy dochs noch de poedelpriis pakt hat yn de SDS-League. De SDS-paraplu giet ynkoarten rjochting Spannum.

SDS League 2021-2022 twadde helte wike 13 eindstand