Weppers freed 2-9

Weppers tongersdei 1-9
31 augustus 2011
Seleksjes 3-9
2 september 2011

B-junioren
De wedstriid fan B1 tsjin sc Franeker giet net troch sneon. Tsjinstanner hat te min spilers. Wedstriid is ferskood nei woansdei 14 septimer om 18.30.
Mar…..der wurdt moandei wol oefene. Tsjin Easterlittens. Hoe let en wêr dat wurdt noch bekend makke.

Kompetysje E en F pupillen
Beste Mensen,
Zoals het er nu uitziet start de competitie voor de E en de F pupillen op zaterdag 17 september.
gisterenavond is er een overlegronde geweest in de regio en daaruit kwam naar voren dat de KNVB 10 sept waarschijnlijk niet gaat halen. 
groetjes, Andre

Programma sneon

12:00 SDS B1 – Franeker SC B2 g.n.t.
12:30 SDS 4 – Nijland 3
14:00 SDS 2 – ONS Sneek 3
14:30 SDS 3 – CVVO 3
9:00 Harlingen C1 – SDS C1
10:00 Franeker SC E1 – SDS E1
11:00 Mulier DA1 – SDS DA1
14:00 Oosterlittens A1 – SDS A1
14:30 BCV 1 – SDS 1
10:30 Rood Geel D1 – SDS D1


SDS 3
Soene de seleksje spilers fan it tredde sneon 10 euro meinimme wolle foar de pot fan it tredde? It jild mei ek oermakke wurde nei rek. nr. 337043787 t.n.v. Jan Stenekes o.v.v. It tredde.  
Oan it ein fan foarig seizoen die blyken dat der nogal wat trainingsjassen mar foaral broeken misse. Soe elkenien syn kleankast neisjen wolle en de spullen kommende sneon meinimme wolle foar de wedstryd tsjin CVVO.
Groeten Jan

Nije trainer
SDS D3 hat in nije trainer fûn. Dat is Pieter Vellinga út Wommels wurden.

Blesseard
Syb Overal rûn justerjûn wol hiel nuver in blessure op. Doe ’t hy op syn nije fuotbalskuon nei it trainingsfjild rûn betocht hy dat it miskien ek noch wol handich wie om syn âlde skuon mei te nimmen. Hy kearde iets te snel om en it skeat him yn de ljisk. It trainen waard neat mear. Wy tinke dat de nije skuon werom gean nei de winkel.

Kaarte
Wij gean wer los mei it kaarten.
Dit jier ek wer op de 3de tongersdei fan de moanne. 
Dat betsjut dat we 15 septimber, 20 oktober en 17 novimber kaarte.
Dernei hâlde wij ek in winterstop tot febrewaris 
We begjinne om healwei achten.
Sis it troch oan in elk die graach kaarte mei.
We rekkenje op jim. 
De aktiviteitenkommisje
Simon, Amarins en Anny

Rûnom Easterein 2011
Set it alfêst yn’e aginda! Snein 9 oktober fynt Rûnom
Easterein plak. Mear ynformaasje folget ynkoarten!
Ut namme fan de organisaasje,
Dirk-Yde


Alderaardichst
Wy meie sa no en dan graach in kollum lêze fan bygelyks Nico Dijkshoorn, Youp van ’t Hek, Hugo Borst, Sjoerd Mossou of Bonne Stienstra. Bonne Stienstra syn stikje yn de Ljouwerter Krante fan ôfrûne moandei mochten wy wol lije. Gean der mar efkes foar sitten (klik
hjir).

Harsens derbij (556)
Dizze kin net mis fansels. Of dochs?


Letter mear!