Weppers freed 2-12

SDS-League: ‘Algemeen Fons’ pakt wykpriis!
1 december 2016
Seleksjes sneon 3-12
2 december 2016

Seleksjes

De seleksjes komme hjoed  letter. It gerucht giet dat bij it Sinteklaasfeest toch in in pear seleksjespilers mei moasten yn de sek…. Der wurdt swier ûnderhannele om se werom te krijen foar sneon.

Seleksjes (2)

Der binne foar sneon ynmiddels genôch spilers te krijen. It bestjut sels dat de measte senioareteams sneon mei 15(!) man fuortgean. Om 15.00 (1) steane de seleksjes foar moarn hjir op de webside.

Sinteklaasfeest

sds-sinteklaas-feest
Justerjûn fierden SDS 2 en SDS 1 it Sinteklaasfeest yn de kantine. Mei pakjes en kratsjes

Efkes Balje

Ek jûn wer Efkes Balje om 19.30 oere en it moaie fan dizze edysje is dat er wer in ferslach komt…

Programma sneon

Moarn begjinne de earste thúswedstriden al wer om 9 oere (MO 13-1 en JO9-3) en om 14.30 binne de lêste twa. In oantal tige nijsgjirrige potsjes moarn: JO 15-1 tsjin Flevo Boys (Emmeloord) , MO 15-1 tsjin Veendam 1894 (haadklasse), JO 19-1 tsjin Blauw Wit 19-1.
En dan hawwe wij it noch net iens hân oer SDS 1 en VR 1,….

Super!

Tiisdei stie hjir op de webside dat Basel Hammad fuotbalskuon socht. Martijn Hoogerwerf hie noch wol in pear thús stean, mar koe juster net traine en hie se oan Jentje Jorritsma mei jûn. Sa koe Basel by it trainen fan SDS 2 lyk oan hawwe. It wie dan wol in maatsje 47, mar sy foldienen prima.

SDS-FIFA-2017-toernoai

Hasto dy al oanmelden foar it SDS-FIFA-2017-toernoai op freed 9 desimber yn de kantine?
sds-fifa-17-toernoai
Lês der hjir alles oer!

Harsens derby (1801)

Ien kear riede wêr ’t Jaap Toering juster op traind hat……..