Weppers freed 2-10

Seleksjes sneon 3-10
1 oktober 2015
Ut- en ferslaggen 3-10
1 oktober 2015

G.n.t.
De froulju treffe it dit wykein net. SDS Vr.2 wie al ôflast om ’t Nieuweschoot net genôch spylsters hat en no is SDS Vr.1 ek noch ôflast om ’t Warga Vr.1 net genôch spylsters hat.


Fan herte lokwinske!
It liket de hiele wike wol feest! Juster wie namelijk ek Bram van Beem jierdei! Noch fan herte lokwinske!


SDS League
Efkes fierderop op dizze webside kinne jim de nijste stân fan de SDS League fine.

Wike foar de “Wike fan de skieds”

Dit kin fansels net yn de wike foar de “wike fan de skiedsrjochters”:


Wike foar de “Wike fan de skieds”(2)
Wy as wepmasters hawwe hielendal neat mei Peter Bosz. Wat ús oanbelanget is 4 wedstriden skorsing foar syn wangedrach tidens Heracels – Vitesse dan ek fiersten te min. Wat ús betreft wurdt hyfoar it libben skorst foar syn hiele “oevre”. Sjoerd Mossou kin him dêr ek wol yn fine (klik
hjir).

Sinterklaas?
De pipernúten lizze alwer yn de skappen, dus dat betsjut dat it by in bult spilers fan SDS 2 alwer begjint te krybeljen…. Wy hawwe foar harren goed nijs, want út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat Sinterklaas mei of sûnder swarte piten delkomt op tongersdei 3 desimber yn de fuotbalkantine.

Harsens derby (1599)
Dit is pas noflik ynfallen!