Weppers freed 19-7

Weppers moandei 15-7
14 juli 2013
Weppers snein 21-7
20 juli 2013

Komkommernijs
Wij sitte noch midden yn de fakânsje en dus yn it komkommernijs. Dan giet it altyd minder oer fuotbal. Dus at jim wat leuk komkommernijs ha mail it dan nei
sds-nijs@home.nl

Efkes Balje
It is freed dus Efkes Balje. Om 19.30 oere kin it wer wêze. Op sportpark Wommels.

Klaaiboksen
 
Der wurdt op dit stuit hurd wurke om plak te meitsjen foar ekstra klaaiboksen op de Skoalleseize. Neffens ynformaasje wie der earst in spjocht dy’t it tariedende wurk die en doe wie der in Klaas Overal dy’t it ôfmakke.


En dan is der fansels altyd dy kraan fan Okkema dy’t it swiere wurk docht.

Alp d’Huez
Tongersdei wie de etappe nei de Alp d’Huez. Foar de fytsleafhawwers en feestfierders it plak om te wêzen. No is der yn alle gefallen ien SDS-er dy’t alle topeveneminten yn de wrâld tichtbij meimeitsje wol. Sjoch
dit filmke fanôf 11 minuten.

Klimme

Der binne ferskillende manieren om te klimmen. Sa makke ien fan de wepmasters in fytstocht fan 1250 kilometer fan Praach nei Cuxhaven en soms moast der flink klommen wurde.

19 man
Ferline wike wie der in drok beset EfkesBalje. Wij krigen noch in
breedbyld foto binnen dy’t fol kleur is fan de sjurtsjes en de ferhitte gesichten