Weppers moandei 15-7

Seleksjes senioaren ’13-’14
13 juli 2013
Weppers freed 19-7
19 juli 2013

Gjin Dooitze
Fansels is it kommend seizoen Dooitze Nauta wer de striker by SDS 1. Yn augustus is hy der allinnich net. Wim van Brink sil him dan ferfange.

Gjin foto’s mear
By de senioarenseleksjes hawwe wy de foto’s fan de spilers fuorthelle. Mochten wy yn de takomst wer ris foto’s krije dy ’t net dateard binne dan komme sy der miskien wol wer ris op.

SDS-Look-a-like
Wy kinne noch wol wat SDS-Look-a-likes bruke. Witte jim ien mail dy dan nei
info@vv-sds.nl! Hjir kinne jim alle oare SDS-Look-a-likes fine.
Alfêst tige by tige!

SC Heerenveen 2 oefent yn Nijlân
Nije wike snein 21 july sil landskampioen SC Heerenveen 2 op it Zweitse Huitema Sportpark yn Nijlân oefenje tsjin Almere City. De wedstryd begjint om 15.00. De yntree is fergees foar lju oan ’t 18 jier. Folwoeksenen betelje €4,-. Sjoch ek
hjir.

Alderaardichst


Alderaardichst(2)
Hjir liket fuotbalhumor yn it spul te wezen.

Harsens derby(1069)
Hop, hop, hop! En wer is de bal no?