Weppers snein 21-7

Weppers freed 19-7
19 juli 2013
Weppers woansdei 24-7
23 juli 2013

Efkes Balje
Wa’t tinkt dat it Efkes Baljen efkes ophâldt yn de fakânsje hat it mis. Entûsjast as altyd kamen no ek wer soan Stan mei heit Ferry, soan Matthijs mei heit Theo, soan Jurjen mei heit Hendrikus en soan Douwe Jan mei heit Folkert Rients nei it útdroege sportfjild yn Wommels. Itens/Hinnaard wie ek wer leechrûn en mei Eastereinder Pieter Bruce en de Wommelsers Rudy en Aant wie it ideale oantal berikt. Der waard wer moai en fanatyk balle en der wie wille. Prachtich om te sjen hoe’t de “jonkjes”sa goed moai dogge en brutaal de grutte mannen passeare of steane se der net.
De hesjesploech wûn mei de winnende fan de âldste fan it spul.

Yndielingen
De KNVB hat no ek oare teams foarloapich yndield. Sa sjocht it der út foar:
A-junioaren

B-junioren

C-junioren

D-pupillen

Famkes- kategory B

Yndielingen E en F
De yndielingen fan Een F pupillen lit noch efkes op it wachtsje hawwe wij begrepen.

SC Heerenveen 2 oefent net yn Nijlân
Hjoed soe lânskampioen SC Heerenveen 2 op it Zweitse Huitema Sportpark yn Nijlân oefenje tsjin Almere City. De wedstryd soe om 15.00 begjinne. Mar troch te folle blessures bij sc Hearrenfean giet de pot net troch.

Jongfeintenpartij
Kommende woansdei is de Jongfeintepartij yn Easterein. It lotsjen hat plak fûn en de list kinne jim
hjir fine.

Harsens derbij (1070)
In tackel is net altyd like moai, mar dizze is ien fan ús favoriten.