Weppers freed 18-9-2020

SDS en Korona (25 septimber)
18 september 2020
Sneon 19-9-2020
18 september 2020

Wolkom!

Wy hjitte jim moarn allegear fan herte wolkom by SDS. Wol mei de Korona-rigels fansels!

Mei tank oan de ING!

Socht skiedsrochter SDS

En doe wiene de skiedsrochters op.
Inkel ha je sa’n dei in Freuledei.
Dan bin de frijwilligers op.
Jan Bouke is in wykein fuort.
Gert-Jan is bleseard.
Halbe en Jorrit moatte sels foutbalje.
Robert is syn hûs oan it ferbouen.
Auke, Jelle, Jurjen en Sipke sitte bij de Freule op de line.
Dus wa wol sneon fluitsje?
Skilje Enne 0629974138

SDS 1 – Workum 1

Om 14.30 oere de earste thúswedstriid fan it seizoen. Tsjinstanner is de “fermiende”kampioen fan 2019-2020.
De seleksje: Jaap, Luuk, Jacob-Klaas, Erik, Remco, Gerwin, Wiebe, Pieter, Matthijs, Teun, Peter, Frank, Steven, Stan en Hendrik.

Blauw Wit ’34 VR 1 – SDS VR1

Let op! Om 14.25 trapet SDS VR1 ôf foar harren wedstriid yn de tredde klasse tsjin Blauw WIt ’34 VR 1. Dizze froulju fertrekke om 12.50 oere út Easterein:
1. Annemiek, 2. Elske, 3. Femke, 4. Froukje, 5. Gerry Edou, 6. Hester, 7. Jeska, 8. Jildou, 9. Kirsten, 10. Marit, 11. Marjo, 12. Marrit, 13. Petra en 14. Seriette

sc Stiens 2 – SDS 2

It yn it bekertoernoai suksesfolle SDS 2 begjint de kompetysje yn Stiens. Om 12.30 oere wurdt der ôftrape.
De seleksje: 1. Mark, 2. Robin, 3. Jort, 4. Jurjen, 5. Jesse, 6. Bauke, 7. Lieuwe, 8. Sjoerd, 9. Wesley, 10. Arjen, 11. Kent, 12. Steven, 13. Sietse en 14. Niels (komt tweede helft?).

SDS 3 – vv Heerenveen 3

Om 12.15 yn Easterein begjint SDS 3 de kompetysje tsjin vv Heerenveen 3. De seleksje: Marten, Haye, Piter, Hendrik, Sjoerd, Anne , Mark, Watze(2e helte), Willem, Yward, Ralph, Jelmer en Jildert.

Leeuwarder Zwaluwen 8 – SDS 4

De talinten fan SDS 4 fleane út nei Ljouwert. Dêr steane (mei in bytsje gelok) de Leeuwarder Zwaluwen op harren te wachtsjen. Om 14.45 soene se dêr graach los wolle.
Dizze seleksje fertrekt om 13.45 oere: Halbe, Jeffrey, Michiel, Jorrit, Aiso, Gertjan, Michael, Andries, Doede, Igor, Thomas, Ralph (ovb) en 2.5 fan JO-19.

SDS 5 – Leeuwarder Zwaluwen 9

Ek SDS 5 nimt it op tsjin Leeuwarder Zwaluwen. It njoggende komt nei Easterein.
De seleksje: Dirk-Yde, Doede-Douwe, Feite, Harm S, Henk, Ids, Jan-Simon, Jeroen, Kerst, Klaas, Robert, Ronny en miskien noch wat fan de JO19.

SDS-balpylder

Moarn kinne wy him dan eindelijk yn gebrûk nimme. De SDS-balpylder:

Programmaboekje

It programmaboekjes foar de wedstriid moarn tusken SDS 1 en Workum 1 leit by ús drukker en haadstiper Van der Eems. Jim kinne it moarn keapje by de yngong.

Keepersklinik

Op moandei 26 oktober is der by SDS in keepersklinik foar alle jeugdleden fan vv Nijland en SDS dy’t it leuk fine om te keepen tusken de 8 en 16 jir. Nije wike kinne jim hjir op de webside it oanmeldformulier fine. De klinik wurdt jûn troch de Etienne Stomp Academy.

Foto Wiep Wierda

G.n.t.

Jaap de Blaauw soe moarn mei syn frou nei SDS komme, mar troch omstannichheden kin dit net trochgean. De útnoeging bliuwt fansels stean, dus sy sille ynkoarten fêst in kear delkomme.

Kantine

De ‘rookies’ fan JO19-1, Eeltsje en Tom, hienen juster bartsjinst yn de kantine en dat gie harren bêst ôf. Us komplimenten! Dit smakket nei mear!

De nije frikandellegeneraasje?

Harsens derby (2254)

Ho!

 

 

Letter miskien wol mear!