Weppers freed 17-1

Weppers tongersdei 16-1
15 januari 2014
Weppers snein 19-1
18 januari 2014

Programma sneon
SDS 1 begjint sneon oan de twadde helte fan it seizoen. Dat begjin is gelyk tsjin de koprinner. Yn de thúswedstriid waard SDS foaral yn de earste helte oerrompele en dat kamen se yn de twadde helte net wer te boppe.
Kin SDS de start fan 2014 goed begjinne? De wedstriid wurdt spile op
it sportpark yn de buert fan Ealahuzen en Aldegea GS.

Seleksje SDS 1
Fuort: 12.30
Spylje: 14.30
Skelte, Ewout, Kristian, Wytze, Tjipke, Jelmer, Mark, Marco, Dirk Yde, Harm, Sjoerd de V, Jaap, Ruurd, Ayanle
Flagger: René
As skaadwedstryd stiet der in oefenwedstryd tsjin Balk 1 op it programma. Om 14.30 yn Warkum.

Oefen: SDS 2 – Nijland 2 (op it keunstgers fan LSC)
Fuort: 13.30
Spylje: 14.30
Sjoerd v B, Jelte P., Feite, Jort, Bauke, Gerrit, Hendrik de J., Ayanle, Willem, Ralph, Jesse, Wietse Fopma, Bote, Sjoerd R. en Hendrik E.

Programma kommende wiken
De kommende wiken is it noch rêstich op it hopenlik bliuwend griene fjild. Jim kinne it aktuele programma altyd sjen op de side troch op de foarside yn it midden te klikken op dizze button.

Let op: de iene knop is thús, de oare, út en de útslaggen steane der ek noch bij.

SDS-sealtoernoai foar D-pupillen
Moarn is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar D-pupillen. Jim kinne jim
hjir opjaan. It toernoai is moarns fan 9.00-13.00.

SDS-sealtoernoai op 25 jannewaris
Nije wike sneon 25 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren. It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Jim kinne jim
hjir alfêst opjaan. De earste 13 steane al op papier.

Pech
Neymar gie juster by Barcelona ûngelokkich fan it fjild ôf mei in swiere ankelblessure. Itselde oerkaam juster Ids de Boer, mar dan yn de seal by SDS 2 en 3. Ids syn gelok wie dan noch dat syn heit Jelle noch in pear krukken stean hie dy’t hy lyk brûke koe. Wy winskje Ids in bult betterskip ta.

1970
Ien fan de wepmasters (jim meie riede hokker) seach noch efkes yn syn plakboek fan 1970. Hij wie benijd wêr’t hij op sneintemiddei wie en wa’t hij doe mei nûmmer 4 fuotbaljen seach. Sjoch
hjir.
En miskien binne der noch wol tiidgenoaten dy’t witte wa’t mei nû 2 en 9 fuotballen. Maile kin nei di
t adres.

Alderaardichst
Yn Dútslân traine inkelde keepers mei in eachlapke op om de each-hân-koördinaasje te ferbetterjen. Wy ferwachtsje by SDS ynkoarten Jaap Toering mei in houten foet op trainen en Jan Stenekes as Kapitein Haak. Sjoerd van Beem sil wol mei in papegaai op it skouder komme…..  
Permalink voor ingesloten afbeelding

Harsens derby(1191)
Alderaardichste assist………….