Weppers tongersdei 16-1

SDS-sealtoernoai foar A-junioaren en senioaren
14 januari 2014
Weppers freed 17-1
16 januari 2014

Net traine
Troch te folle wetter is it trainingsfjild net goed genôch om te trainen. Dus gjin training op tongersdei.

SDS seal 1
SDS 1 hat justerjûn yn de seal úteinlik dochs noch wûn fan Wâldsein. 3-0 foar, bij it skoft 3-1, 4-5 efter en dochs noch mei 7-5 winne.

SDS-sealtoernoai foar D-pupillen
Kommende sneon 18 jannewaris is it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar D-pupillen. Jim kinne jim
hjir opjaan. It toernoai is moarns fan 9.00-13.00.

SDS-sealtoernoai op 25 jannewaris
Nije wike sneon 25 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren. It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Jim kinne jim
hjir alfêst opjaan. De earste 11 steane al op papier.

Sealtraine
SDS 2 en 3 traine jûn yn de seal yn Easterein fan 21.00-22.00. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Oefenje
SDS 2 oefent kommende sneon op keunstgers tsjin VV Nijland 2. Fierdere ynformaasje folget.

Ynhelje
SDS 2 mei noch ien wedstryd ynhelje. De KNVB hat dizze thúswedstryd tsjin Zwaagwesteinde foarearst fêstlein op sneon 8 febrewaris.

SDS E3 en E4 traine yn de seal
SDS E3 en E4 traine fannemiddei fan 17.00-18.00 yn de seal yn Easterein. Wytze Lanting en de wepmaster sûnder burd sille sjen as sy de jonkjes en famkes wat sealfuotbalkneepkes by bringe kinne. 

Dreame
By FC Dordrecht krije syn
in spesjale sliepfysiotherapeut. Miskien is it ek wat foar ús striker Dooitze Nauta. Of sil it by dreamen bliuwe?

Alderaardichst
Ronaldinho bliuwt by Botafogo en giet dus net nei Besiktas. Dêr snap je dochs neat fan:
fashion2

Harsens derby(1190)
Soks kin de besten oerkomme: