Weppers snein 19-1

Weppers freed 17-1
16 januari 2014
Weppers moandei 20-1
19 januari 2014

De Wâlde 1 – SDS 1  3-2
In wedstriid mei twa ferskillende helten fan SDS. De Wâlde makke yn de earste helte allinich in doelpunt mear dan SDS yn de twadde helte: 3-2. It earste kertier begong SDS fel, mar de earste druk fan De Wâlde wie fuort een doelpunt, 1-0. De thúsploech hie dernei moaie kânsen op mear goals. Hoewol dit earst noch neilitten waard wie der dêrnei wol een spiler die de bal yn it hoekje prikke koe, 2-0. De Wâlde wie lykas yn de thúswedstriid hiel snel yn de omskakeling. Flak foar rêst kaam ek noch de 3-0. SDS koe der allinich een moaie oanfal tsjinoer sette werby Skelte de bal oer sjitte.
Drekt nei rêst krige SDS dochs geloof yn in hast kânsleaze opdracht. De keeper fan De Wâlde liet de bal los en Jelmer Posthumus wie der drekt by om de bal yn te tikjen, 3-1. Oan de oare kant wist in De Wâlde-spiler de bal flak foar de goal de bal der oerhinne te krijen. It initiatief lei dernei by SDS en de oanslútingstreffer hong yn de loft. Marco kopte krekt njonken en Jelmer syn folley koe de keeper krekt hâlde. Hast yn de 70e minút krige SDS een terjochte penalty die benut waard troch Wytze Lanting. Noch genoch tiid foar SDS om de lykmakker te meitsjen, 3-2. De druk naam hieltiid mear ta, mar de foarsetten wiene hieltiid net op maat. Twa minuten foar tiid kamen dochs noch de grutte kânsen. Earst waard in oanfal net goed útspile en even letter kopte Tsjipke út in moaie oanfal krekt oer. Yn de blessuretiid kapte Jelmer syn man út en sjitte de bal tusken in hoop spiler lâns de keeper. Spitich genoch koe in ferdediger de bal krekt fan de line ôfhelje. De skiedsrjochter fluite foar it êinde, werby der yn de twadde helte dochs in puntje yn sitten hie.
Grietzen

Toernooi D’s
Zaterdag hadden de D’s hun zaaltoernooi. Maar liefst 38 jongens deden mee.

In een spannende competitie kon in de laatste wedstrijd nog van alles beslist worden.
De winnaar, Liverpool,  had op het eind slechts 3 punten meer dan de nummer 4!
Het winnend team bestond uit Wessel Schraa, Tsjitse Postma, Arjen Schaap, Giel Koenen, Michiel Zuidema en Halbe Willem Overal
Robert Schildkamp

SDS 2 spilet lyk
SDS 2 hat juster op it keunstfjild fan LSC mei 2-2 lykspile tsjin Nijland 2. By de rêst stie SDS 2 noch mei 2-0 foar troch goals fan Hendrik Engbrenghof en Jort.

Grinsrjochters
Grensrechtersvlag
Op freedtejûn 24 Jannewaris, sil der yn de kantine in instruksje jûn foar ‘de grinsrjochter’ wurde hâlden. Dit is foar alle leden, vrijwillegers, spilers, lieders, trainers, âlders, bestjoersleden, en oare belangstellenden dy wol ris foar SDS in flagge yn de hân hâlde of gean hâlden.

It begjin is om 20.00 oere. It sil likernôch in oere duorren. Der sil oan de hân fan foarbylden wurde útlein wat de taak fan in grinsrjochter is en ek de útlis fan de butenspul rigels. Tidens de instruksje is der tiid om fragen te stellen dy’t der mochten weze ta oansjen fan ‘alle’ spulrigels.
Nei de instruksje en fragen kinne wy wat versnapperingen keapje oan de bar.
Mochten jimme bepaalde oare ûnderwerpen besprutsen wolle hawwe dizze jûn, dan is dat mooglik, mar sjit dan Auke Eringa, Friso Albada en Douwe Reitsma efkes fan te foaren oan.
Hooplik oant sjen op 24 Jannewaris!

Keunstgersknibbel
Alderaardichst dat keunstgêrs fan LSC, mar it soarget der mooglik al foar dat der earder in keunstknibbel komme moat………

Cambuur 1970
Wij lieten freed in opstelling fan Cambuur sjen út maaie 1970. Dat rôp herinneringen en reaksjes op bij meardere minsken.
It gie om
dizze opstelling fan de wedstriid tsjin Elinkwijk, wêrbij wij de nammen fan nû 9 en 2 net folslein yn byld brochten.
Jan de Jong
meldt ús:
Zuidema vande westereen. Onder nr negen. …., Die later bij twenthe speelde
Appie Posthumus meldt ús: Dit moatte weze Harry van Buuren en Johan Zuidema. Ik herinner my letter noch dy fantastyse goal van Johan Zuidema yn de wedstriid Juventus-FC Twente.
Willem Wijnia:
Dy nûmer 9 is fansels Oeki Hoekema!
Nûmer 2 wit ik net.

Freddy Scheltema: Nûmmer 9 wie in makje (Johan Zuidema) 2 wie dreger mar neffens mij is it Haary van Buuren.
Wij krigen fan Ferrie Korbach
wiidweidige ynformaasje (it ferslach fan dy wedstriid en in foto) en dat wie mar goed ek. Want sa’t jim sjen kinne wie it neffens de opstelling yndie op 2 van Buuren en op 9 Zuidema.
Mar wat seit it ferslach:


Harsens derby(1192)
En wy mar tinke dat dy Ingelsen allegear sa fatsoenlijk binne: