Weppers freed 15-4

SDS League: Redmer pakt wykpriis!
15 april 2011
Seleksjes sneon 16-4
15 april 2011

Kollum 1 – SDS 1
Foarútsjen dat dogge wij altiten mei
VoetbalNoord

Programma sneon 16-4
Hjir kinne jim alfêst it hiele programma foar moarn besjen.

SDS D1
SDS D1 hat juster in wedstriid foarútspile. Thús tsjin Dronryp. It waard 1-2.

De jongens waren er aardig klaar mee: Leuk aanvallend spelen en toch met 1 -2 naar huis. het mooiste bewijs hiervoor was vanmorgen op het schoolplein te horen: ‘He, Inne: hoeveel hebben jullie gister gespeeld?’ ‘Oh, dat weet ik niet meer…’

Bliid
Nei de wedstryd woansdei tusken SDS DA2 en Mulier DA2 waard der in famke fan Mulier nei it sikenhûs brocht. Wy hawwe justerjûn heard dat it famke neat brutsen hie en dat sy it goed makket. Hjir binne wy bliid om.

Sahara
It trainingsfjild wie justerjûn ien grutte sânflakte. Inkele SDS’ers wisten hjir wol wat oan te dwaan. “Der moat wetter op dan kin it gêrs mar groeie”. Harm-Jan wie it hjir net mei iens; “do kinst yn de Sahara ek wol in bult wetter smite, mar der sil nea wat groeie”.

Fenne
Peter Sybesma en Geertje Bootsma hawwe woansdei foar in wike op pake Roel syn jierdei in lytse poppe krigen. Fenne is har namme. Fan herte lokwinske!


Easterein Rocks
Op sneon 30 april wurdt der net fuotballe, mar der is fêst genôch oars te dwaan. Sa sil der jûns fanôf 19.00 wer in edysje wêze fan Easterein Rocks. Dit kear yn de bûtenloft op it trainingsfjildsje foar de boksen.

Op krukken
Dizze wike skreaunen wij dat Hendrik de Jong “op krukken rûn”.  Dooitze Nauta, striker bij SDS, lei slap fan gnizen want hij skreaun ús:  
Neffens my rint Hendrik mei krukken en net op de krukken.
At ik dit yn Amsterdam fertel dan lizze se wer yn in deuk.
Wij binne lykwols fan miening dat der in oerienkomst is tusken 
Katja Schuurman  en Laura Lynn en Prins Constantijn  en ús eigen Hendrik de Jong.

Harsens derby(448)
Wy nimme oan dat Marten, Harm-Jan en Sjoerd hjir juster ek op traind hawwe:



Fannemiddei mear!
Û.o. de seleksjes foar sneon.