SDS League: Redmer pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 14-4
13 april 2011
Weppers freed 15-4
15 april 2011

Hjir wer de nijste stân. Wy geane der fan út dat it no wol kloppet. De lêste 2 wiken wie it troch de ferhúzing(….) wolris wat yn de hobbel.

Redmer Strikwerda pakt dizze wike mei 53 punten de wykpriis. Hielendal net gek, want hy stie ek op plak 53… Hy giet no nei 37.
DSC00010.JPG
Redmer kin hast net leauwe dat hy de wykpriis hat.

FC Waaksens(Jan Mulder) hat wer selskip krigen op it earste plak. “Op naar de Top”(Marten Faber) hat de stân wer lyk lutsen. Sissy(Igor Kalinowski) en Ajarnox(Bas van der Weij) komme stadichoan ek tichterby. Sy steane op 6 en 9 punten fan de koprinners.

Dooitze Nauta docht it dizze wike mar knap yn de SDS League. Mei “Altyd boppeoan” pakt hy mar leafst 48 punten. “Pasjent” Grietzen Broersma docht itselde mei “Balletje Balletje”.

Tweety(Willem Twijnstra) stiet noch altiten lêst.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 8.