Weppers freed 15-2-2019

SDS-League: Twa wykpriiswinners!
14 februari 2019
Sneon 16-2-2019
15 februari 2019

SDS Vr.1 – Mulier Vr.1

SDS VR1 stiet boppe-oan yn in spannende kompetysje, mei ferskillende ploegen dy’t ien of twa wedstriden minder spile ha op it finkentou. SDS VR1  hat 21 punten helle en Mulier  helle twa oerwinningen en stiet dus op 6 punten. Dizze froulju sille sjen as sy de kopposysje ferstevigje kinne en wurde om 11.15 oere yn de boks ferwachte:
Marjo, Hester, Gerry, Sieta, Sietske, Alissa, Janieke, Kirsten, Femke, Seriette, Richtsje en Jeska.

FC Wolvega 1 – SDS 1

FC Wolvega hat foar de winterstop alles wûn, mar is min de winterstop útkaam. Mei 4-4 lykspile (nei 4-1 foar stien te hawwen) tsjin DWP en mei 6-1 de bitenbrêge op by Heerenveense Boys. Soe der foar SDS wat te heljen wêze by de koprinner of herpakt Wolvega him. Wy binne benijd. Dizze seleksje wurdt om 12.15 oere yn de kantine ferwachte:
1 Jaap
2 Remco
3 Jacob-Klaas
4 Marco©
5 Gerwin
6 Ewout
7 Frank
8 Matthijs
9 Jelmer
10 Erik
11 Steven
12 Bauke
13 Jorrit
14 Habtamu

SDS 2 – Knickerbockers 4

Nei in ferhelderend gesprek ferline wike tongersdei hat Okke de wyn der ûnder by SDS 2. Der waard sneon knap wûn by Leovardia en SDS 2 giet no fol foar de earste thúsoerwinning fan it seizoen. SDS 2 treedt moarn om 14.30 oere tsjin de studintenploech út Grins. Dizze ploech hat ien puntsje mear helle yn de kompetysje oant no ta. Dizze seleksje wurdt om 13.30 oere yn de boks ferwachte:
Gertjan, Hendrik de J., Watze-Jacob, Wiebe, Yward, Arjen, Anne, Dirk, Feite, Jesse, Jort, Jurjen, Lieuwe en Niels.

ONS 3 – SDS 3

SDS 3 moat nei it haadplak yn ús gemeente. ONS 3 is de tsjinstanner en dy hawwe 1 puntsje minder yn de kompetysje. Dizze seleksje fertrekt om 11.30 oere út Easterein:
Auke, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Harm, Henk, Jan-Simon, Pieter, Ronny, Tjeerd D., Inne, Tjeerd de V., Luuk, Steven en Wierd.

SDS 4 – Mulier 2

SDS 4 moat tsjin in gelykweardige ploech oantrede. Ek de Wytmarsummers hawwe 18 punten helle. SDS 4 sil sjen as sy 3 punten pakke kinne. Dizze lju wurde om 13.40 oere yn de kantine ferwachte foar in bakje kofje:
Allert, Andries, Arjan, Broer-Jacob, Doede, Eeltje, Gert-Jan, Igor, Jelmer, Johan, Jorrit, Rick, Steffen, Thomas, Tseard, en WiVi.

SDS seal

De swartwyten fan SDS seal hawwe dizze wike balle tsjin de swartwyten fan Black Boys. It waard 9-4 foar de swartwyten út Snits.

5 senioarenteams

By SDS wolle wy der alles oan dwaan om folgend seizoen wer mei 5 senioarenteams los te kinnen. De seleksjes wurde dan miskien wol iets lytser, mar hooplik stimuleardt dit ek wer mear om sneons net de tún yn te gean, mar it fuotbalfjild op. Ynkoarten mear hjir oer.

Prachtich boerd!

Wat hawwe sy by HJSC yn de Hommerts dochs in prachtich boerd hingjen:

Harsens derby (2104)

Knappe pingel!