SDS-League: Twa wykpriiswinners!

Bekerje tsjin Twijzel
12 februari 2019
Weppers freed 15-2-2019
15 februari 2019

Hjir is dan de nijste stân fan de SDS-League!
It hat altiten wat fuotten yn de ierde foardat je 67 teams ynskreaun hawwe mei harren ‘nije’team, mar dan hawwe je ek wat…….
De wedstriid fan ôfrûne freed tusken NAC en AZ telde net mei, om ’t je je team ynlevrje koenen oant sneontejûn 19.00 oere.

It binne FC Kratje fan Robert Hoekstra en ‘Aan de kant ik moet naar ’t stadion’ fan Sjoerd van Beem dy ’t beide 60 punten hawwe, dus de wykpriis diele moatte. ‘Jelsmanian Devils’ fan Jan-Simon Jelsma komt dêr 5 punten efter.

Opfallend soad nammen mei Vlap der yn dizze edysje; ‘Vlaptamu’, ‘Vla’p’flip’, ‘Sapper de Vlap’ en ‘FC ‘Vlap’drol’.

Der binne ek twa mei ’34’ yn de teamnamme. Dit hat neat te krijen mei harren leeftiid (Boudewijn en Bas), mar mei de kommende 34e titel fan Ajax……………. folgend seizoen…………….

Opfallend is dat hast alle coaches nei de winterstop kieze foar de keeper dy ’t sy ek foar de winterstop hienen dit yn tsjinstelling tot de rest fan de seleksje.

Watze van der Wal start mei ‘Eyong Tarkang Enoh’ knap op in dield 8e plakje sûnder dat hy syn seleksje feroare hat yn de winterstop. Jeroen Brouwer tocht sa ek hege eagen te smiten , mar hy start mei  ‘SDS 2’ as nûmer lêst.

It kin wêze dat de stân fan wike 2 nije wike wat letter komt, mar dat sjogge jim dan wol.

 

SDS League 2018-2019 stand twadde helte wike 1