Weppers freed 15-10

Seleksjes sneon 16-10
14 oktober 2010
Utslaggen sneon 16-10
15 oktober 2010

Oersicht
Fan Voetbal Nederland krigen wij wer in oersicht fan de histoarje fan BCV 1 en SDS 1, dy ’t se meielkoar opboud ha. Wat dêr bij opfalt? SDS hat noch nea wûn yn Burgum.  Sjoch
hjir.

14.30
Sneon om 14.30 oere is s.c. Stiens op besite yn Easterein. A1 spilet tsjin s.c Stiens A1 en SDS 6 tsjin s.c.Stiens 5.
sc Stiens is de fúzejeklup fan Stiens en CSL.

Moai foto waar
Wij tinke dat it sneon moai foto waar is. Dat komt moai út want wij soene noch altiten graach alvetalfoto’s ha wolle fan :
SDS 2
SDS 3
SDS 4
A1
B1
D2
D3
D4 m
E2
E4
F1
F2
F4
Da1
Da2

Spiler fan it jier
Jelmer Posthumus wie ferline jier de spiler fan it jier. Alteast dat waard fia in ûndersykje besletten. De beker dy’t dêr bijheart is soms dreech te trasearen mar juster wie der boppe wetter. Marco Hoekstra rikte yn stilte it eksimplaar út oan Jelmer. Wij hoopje net dat Jelmer de beker nije wike meinimt nei Afganistan want dan is it mar de fraach at dy ea wer werom komt, want de Talibanzen binne slocht op bekers hawwe wij begrepen. 

Marktplaats
SMS van Ivo:
Zaterdag geen voetbal de Walde heeft te weinig mensen!gr Ivo
Volgens mij heb ik
deze niet meer nodig!
Groet SDS4

Alfêst fan herte lokwinske!
Durk Okkema is moarn jierdei. Wy winskje him alfêst in hiele noflike dei ta! Fan herte lokwinske!

Libjende Earedefysje
Wa’t digitale kabeltillefysje hat fan Home, kin yn de moanne oktober ien stjoerder fan Eredivisie Live fergees sjen. Sa as jûn. Dan kinne wij genietsje fan of argewaasje hawwe oan Cambuur en RKC.

Harsens derby (315)
Alderaardichst fansels dat frouljusfuotbaljen, mar je kinne better net efter ien fan de goals sitten gean: