Weppers freed 14-1

Weppers tiisdei 12-1
11 januari 2016
SDS 1 – SDS A1 (oefenje)
16 januari 2016

Efkes gjin balje
Foar de Efkes Ballers wer in minne jûn. It is krekt as ferline wike te wiet om lekker te baljen.

SDS 1
Sneon 23 jannewaris begjint de kompetysje wer foar SDS 1. Der stiet in útwedstriid op it programma. Minnertsga is de tsjinstanner en at er gjin snie leit kin dat best wol trochgean. Se hawwe dêr keunstgers. At jim noch efkes witte wolle wat de stân is yn tredde klasse A, sjoch dan
hjir. Ek de doelpuntenmakkers fan dizze klasse stean dêrbij.

Ut de âlde Treffer

Ek dizze twa earste stikjes út in langer gedicht komme út de Treffer fan 1973. Jetske Reitsma makke dit foar de froulju fan doe….

Sneon
Sneontemoarn is it MD en MC toernooi yn de sporthal yn Easterein. Famkes dy ’t noch meidwaan wolle kinne harren hjir noch opjaan oan ’t 18.00 oere.

Werom út Newcastle
De wepmaster mei de gewoane fyts is werom út Newcastle. Hy seach dêr tiisdei tegeare mei de keeper fan SDS 1, Jaap Toering, en stiper fan SDS, Jelle de Jong, in prachtige wedstryd tusken Newcastle United en Manchester United. It waard 3-3 en it wie sels sa spannend dat Jelle ûnder de wedstryd net iens oan syn knipperke ta kaam……

Werom út Newcastle (2)
De SDS’ers troffen by it op de boat stappen snein yn Ijmuiden lyk in âld-SDS’er. Joris Wijnja gie mei syn soan Marten ek nei Newcastle. Joris hat oan ’t de A’s by SDS fuotballe en wennet no yn Heech. Soan Marten keept dêr by Heeg 1.

Giet net troch………
Moarn sille de measte amateurklups foar it earst yn 2016 wer op it fjild oefenje. By NOK sil dat noch in hiele toer wurde……
Permalink voor ingesloten afbeelding

OFK
Hjir kinne je noch efkes genietsje fan de bylden fan it OFK fan ôfrûne sneon. Wy sjogge ek noch wat bekenden:

Harsens derby (1656)
It is al wichtich as je keepe yn de seal om je skuon goed fêst te dwaan:




Letter miskien noch wol mear!