Weppers tiisdei 12-1

Weppers moandei 11-1
10 januari 2016
Weppers freed 14-1
13 januari 2016

Programma seal
Meardere SDS jeugdalvetallen binne sneons aktyf yn de seal. Jim kinne op de foarside bij Programma/Utslagen mear ynformaasje fine.

4 jier lyn

Krekt 4 jier lyn siet de wepmaster dy’t krekt wat âlder is as 40 op de tribune bij New Castle- Manchester United. In moaie belibbenis en in prima wedstriid. Nei ôfrin hiene de kranten it oer “double trouble” foar United omdat se ferlearen mei 3-0 en dêrtroch it earste plakje ôfstean moasten oan Manchester City.

Hjoed
Jûn om 20.45 oere spilet New Castle wer tsjin Manchester United en der kin samar wer “trouble” útfuortkomme (foar van Gaal). At dat sa is dan heare wij dat gelyk want op de tribune en nei ôfrin yn de katakomben is ús spesjale ferslachjouwer de wepmaster dy’t krekt wat jonger is as 40 jier. Hij wurdt assistearre troch de oeral opdûkende (ek op it nijs) Jaap Toering en om foar te kommen dat se oan de kant treaun wurde en net oan it fragen stellen ta komme sille, is Jelle de Jong ek fan de partij. 

Ut de âlde Treffer
Dizze wike stiet de TReffer fan 1973 sintraal (dat wie noch in hiele tinne Treffer) en de ledenmutaasjes stiene der ek yn. Moai om dy âlde nammen te lêzen.


De harsens der efkes net bij (2)