Weppers freed 12-6

Weppers tongersdei 11-6
11 juni 2009
Weppers sneon 13-6
11 juni 2009

Midsimmercup 2009


Sneon spilet SDS op de 6e Midsimmercup yn Dronryp. Sa ’t it no liket sille de folgende spilers mei:
Feite, Tsjipke, Anne(?), Skelte, Tsjalling, Jelmer en Jaap.
It begjint om 10.00. SDS moat de earste wedstryd om 11.00 tsjin AVC. Sjoch
hjir foar it hiele spylskema. Hjir nochris de poule fan SDS:
AVC
CSL
De Wâlde
Futsal Marum
SDS

Jierdei!
Sawol Jaap Toering as Hendrik de Jong binne hjoed jierdei. Allebeide fan herte lokwinske fansels!

Fuotbalplaatsjes
No ’t SDS mei de Jumbo dwaande is om SDS-fuotbalplaatsjes út te bringen binne wy de âlde Panini-boeken noch efkes yndûkt. En wat sketst ús ferbazing? In jonge Anne Brouwer stie yn it Panini-album fan 1984 fan de Eredivisie. Doe neamen sy him noch Jo Bux:

Wa’t noch in in âlde foto hat fan fuotballers fan SDS kin him melde by Enne Bruinsma.

Sponserpublyk
Jaap Toering hat woansdei by Nederlân-Noarwegen west. Hy hat genoaten fan in moaie wedstryd en mei nammen Rafael van der Vaart foel him yn positife sin op. Hy hie wat minder mei it Nederlânse “sponserpublyk”. Jaap koe it yn in pear wurden foar ús gearfette:
Wolter Kroes, Viva Hollandia, Wij gaan naar Afrika!, Als de morgen is…, Wie is die grote spits van die Noren??, Kijk jongens! die camera richt op ons!! 10,9,8..,HEU!

Der op út
Sneon hoege de Wommelsers net thús te sitten. Sij kinne mar wer útsykje. Efkes bij it NK keatsen yn Easterein sjen, efkes bij it midsimmerfuotbaljen yn Dronryp sjen, bij de earste klassers yn Lollum in Haitsma winnen sjen en jûns om 19.00 oere noch efkes it fierljeppen yn Winsum bijwenje of gewoan efkes lekker te hollebatsen op
Wâldrock yn Burgum.
En de Eastereinders dan? No sy sitte fansels allegear op in line of yn in bestjoerskarre bij it NK keatsen yn Easterein.

Yn it roze?
Kommende sneon spilet SDS mooglik yn roze sjurts. Ôfrûne sneon hat Jelmer Posthumus namelijk de sjurts meinommen. “Ik woskje se wol efkes út”, sei Jelmer. It sil dochs net dsa wêze dat der in reade damesslip tusken de SDS-sjurts bedarre is?

Âld-Joure wûn 5 tsjin5-toernoai?
Sa oan it ein fan dizze wike kinne wy der net ûnderút. Hielendal no ’t it ek noch yn it “Jouster-Suffertsje” kaam te stean. Dick Schuurman hat ôfrûne sneon mei âld-Joure it 5 tsjin 5-toernoai fan Koudum wûn. No, ja, wûn? Fan twa poules wienen sy it beste….. Dick wie der yn elts gefal aardich wiis mei:


Spaanders
It koe ek net útbliuwe. Nea earder foel der op it WK ien út. Fansels giet it der altiten sportyf oan ta, mar op sa’n heech nivo ûntkom je der net oan dat der wolris in “spaander” falt. Ôfrûne woansdei wie dit it gefal. Mark Postma krige plots “kramp” doe ’t hy hearde dat Nederlân-Noarwegen op it punt fan beginnen stie en dizze koe ek net mear fierder:


WK Gefoel
“Nou, dan ga je maar op de fles” en mei in laconieke plof donder ik myn mobiel neist myn oare mobiel. De wurkdei sit derop en ik mat begjinne mei de tarieding op it WK fan fannejoun.
Earst mar ris it pak ûtslingere tocht ik sa, jaske op it stokje, de stropdas oan de doarknop en de broek netsjes yn de plooi fouwt oan de hanger. Dan begjint it moeilijke wurk, de knoopkes fan it overhemd mutte los.
Yn tsjinstelling tot it ferske haf ik gjin lytse blaue knoopkes mar gewoan massieve trochsichtige knopen. Omdat it woansdei is rop ik myn freondinne om mij te helpen. Foar in goeie foarbereiding op it WK
moat je namelijk noait de driuwende kreft efter in stjerfoutballer ferjitte. Myn freondinne ûntknoopt myn overhemd wat uiteraard in bepaalde spanning mei sich meibringt…….der moast namelijk wer strutsen wurre.
“Hoe fier is it iten” rop ik fanût de wenkeamer. “Nog 10 minuten, dus sitten bliuwe” It wie namelijk hjoed myn freondin har beurt om iten klear te meitsjen. Neidat Dokter Phil my ûtlein hat dat je net samar minsken del stekke mutte, sjitte yniens my wat yn it sin. “Hast dochs gjin spaghetti klearmakke wol?” “Nee, macaroni mei italiaanse saus” Ik liet in sucht fan ferljochting, want mei spaghetti ferfret ik mij altyd en dat foutballet sa tige min. Under it zappen sjit my fjirder nog troch de hôle ot der uberhaupt wol Spaanse, Engelse of Franse sausen binne foar de macaroni…
“Sa dat wie hearlijk” en ik startte mei de ôfwas. Earst effkes op de klok sjin, ferdikke it is alwer 19:20, gjin tiid foar de ôfwas dus. “Lieve skat, ik doch de ôfwas moarn wol ffkes!” en ik rin nei de kleankast om my om te klaaien. Foardat ik de doar fan de sliepkeamer ticht die wist ik al dat de ôfwas moarn ek wer in hiele opgave soe wurre..
Shevchenko of Trezequet? Ik kies toch mar foar it Trezequet shirt want haf hjoed it gefoel dat ik in pear “fiese prik” goaltsjes sil meitsje. Mei de griene kicks oan rin ik nei it foutbal fjild.
Wie soe der wêse? En bij wie soe ik dizze wike sitte? Ik hoap no net ris in kear bij Henk, want die swit altyd sa.
Ik bin wat oan de lette kant en tik effkes wat baltsjes oer mei Mark. Neidat de spierkes wat waarm binne rop ik oer it fjild dat we wat mij betreft wol los kinne.
Strakke gesichten, gespannen spieren en it swit al op de kop. It WK kin wer los gean…
Hendrik Engbrenghof

Juiche
Keepers meitsje net faaks doelpunten en witte dêrtroch ek net goed hoe ’t sy juiche moatte. Sjoch mar ris nei keeper Reina fan Liverpool:


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!