Weppers tongersdei 11-6

Weppers woansdei 10-6
9 juni 2009
Weppers freed 12-6
11 juni 2009

SDS-fuotbalplaatsjes
SDS is yn gearwurking mei Jumbo-Kooistra dwaande om in boek mei foatbalplaatsjes út te jaan. Je krije de plaatsjes dan by de boadskippen yn de Jumbo yn Wommels  Wy binne no op syk nei âlde foto’s mei dêrop fuotballers fan SDS út de âlde doaze. It meie gjin kranteknipsels wêze. Wa’t in alde foto hat kin him bij mij melde.
Groetnis
Enne Bruinsma.

Asen ek yn SDS-útfiering te krijen?

Start kompetysje 2009/2010
De KNVB hat bekend makke dat de kompetysje kommend seizoen fan start giet op sneon 5 septimber. As it goed is meitsje sy hjoed ek bekend mei welke ploegen as SDS 1 kommend seizoen de kompetysje yn giet.

SDS 1 hoecht net fier fuort
SDS 1 hast alle wedstriden binnen Fryslân. Allinnich Bant komt net út Fryslân. SDS komt út yn de 2e-Klasse I. Dit binne alle ploegen yn dy kompetysje:

2e klasse I :
Bant 1 
BCV 1 
Be Quick D 1 
Blauw Wit ’34 1 
Broekster Boys 1 
Heerenveense Boys 1 
Leeuwarder Zwaluwen 1 
Minnertsga 1 
Nijland 1 
Oeverzwaluwen 1 
SDS 1 
VC Trynwalden 1
Opfallend is dat yn de 2e Klasse J, mar twa Fryske ploegen sitte; Buitenpost en ’t Fean ’58.
Sjoch hjir foar alle kompetysje-yndielingen fan standaardteams.

De Treffer
De Treffer is by Hanzedruk en as alles wat meisit dan kinne jim de Treffer it wykein op de matte ferwachtsje. Fansels kinne jim yn dizze Treffer in útgebreide weromblik ferwachtsje op it seizoen 2008-2009.

Pré WK 10 juni 2009
It wie alwer in wike lient foardat der foar it lêst foutbalt wie. Hearlijke condities soargen foar in moaie opkomst fan 10 man.
Wat foel der dizze WK op?
– Kees de ballerina
– Mark kin goed underhandelje mei bern foar de goals
– Ate Feike wie opfallend fit
– As Willem sich net ynhâld soe der elke kear syn skoun kapot sjitte
– “Hendrik E., do dekst oan de ferkearde kant..”
– Hendrik de J. wit wat it is om in goeie kans te missen
– Hjalmar liet sich ôftroefen
– Eeltje(cornernimmer) wist in corner oer EIGEN achterline te krijen.
De party begong fel en der foelen oan beide kanten goals. Nei in oerke spielen sloech echter it neadlot ta foar it gekleurde team, Mark moest derôf mei kramp yn syn kût.(nog nea derôf gient yn in foutbalwedstriid mei kramp).
Sa sjoch je mar wer dat gjin ien goed foarbereid is foar de folle furie fan it WK, sels in tarieding as in seisoentsje spielje bij SDS kin hjir gjin feroaring ynbringe.
Uteindelijk wûn team Willem, Kees, Hendrik de J, Ralph en Hendrik E. as earste de wedstriid mei in winnende goal. Mar in pear minuten letter wun team Henk, Mark(blesseert), Hjalmar, Ate Feike en Eeltje ek mei in winnende goal.Ut is no net hielendal dudelyk wie der wûn hat, mar ien ding is seker; der is tige moai foutbalt.
Namens it WK Bestjoer,
Alg. dir. H.K.Engbrenghof

VI-Kwis
By de VI hawwe sy dizze wike wer in aardige kwis. Hy is wer dreech genôch(klik hjir). 

Apart
Je steane je rêstich te konsintrearen op it begjin fan de wedstryd en dan fiele je yniens wat nuvers yn ‘e nekke. Wêr komt dat wei?


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!