Weppers sneon 13-6

Weppers freed 12-6
11 juni 2009
Midsimmerfuotbal
13 juni 2009

Midsimmercup 2009
Hjoed om 11.00 oere mei SDS los op de Midsimmercup yn Dronryp. De seleksje is wer aardich feroare neffens earder fan ‘e wike. It sjocht der no sa út: Feite, Hendrik, Jelmer, Skelte, Tsjalling en Jaap. Miskien dogge Arjen en Jildert ek noch mei.

Reaksje
Wy hawwe de trainer fan SDS 1, Dick Schuurman, frege om in earste reaksje te jaan op de nije kompetysje-yndieling:
Mooie competitie mei bijna allegeare Fryske clubs.
3 foarmalige 1e klassers derby, dus goeie ploegen.
Mar we hoefe net mear nei Drenthe wêr it nivo toch krekt wat heger lei als hjirre.
Ik tink in leuke útdagende competite mei de degradaasjeploegen als favoriet en Oeverzwaluwen als outsider.
Groetnis
Dick


Hersteltraining
Eltse tongersdei jout Dooitze Nauta de hiele simmer lang oan in groepke SDS’ers hersteltraining c.q. rintraining c.q. kondysjetraining. Folgende wike sil Dooitze Nauta hjir op de webside mear útlis jaan oer b.f. wat sy eksakt dogge en mei wat foar doel.

Bliid
Cristiano Ronaldo is sichtber wiis mei syn transfer nei Real Madrid. Fansels dogge je dan in kreas blomke efter it ear:

Wy herkenne dit gefoel hielendal……………..


Fuotbalplaatsjes(3)
No ’t SDS mei de Jumbo dwaande is om SDS-fuotbalplaatsjes út te bringen binne wy de âlde Panini-boeken noch efkes yndûkt. En wat sketst ús ferbazing? In jonge Wesley Hoitinga stie yn it Panini-album fan 1983 fan de Eredivisie. Doe neamen sy him noch Henk ten Cate:

Wa’t noch in in âlde foto hat fan fuotballers fan SDS kin him melde by Enne Bruinsma.

Ho
Dizze keeper foarkomt prachtich in korner, mar dêr is it dan ek wol mei sein:


Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!