Weppers freed 12-3-2021

SDS-League: ‘FC Munnaps’ pakt de wykpriis!
9 maart 2021
Foto’s Appie en Aant
14 maart 2021

Programma sneon

Moarn wurdt der wer folop balle by SDS. It programma folget:
9.00 oere: Mini-league
10.00 oere: JO15 en JO17
14.30 oere: SDS O26 – SDS O26

SDS O26-1 oefent

Sneontemiddei sil SDS O26-1 ûnderling oefenje. It begjint om 14.30 oere. Om ’t de spilers merke dat it fuotbaljen der wol wer aardich op oan komt wurdt der 4x 12 minuten fuotballe. Skiedsrjochter is Gerrit-Harmen Rijpma. Taskôgers binne noch net wolkom…… Dit binne de opstellingen:

SDS O26-2 is los!

Justerjûn hat de O26-2 foar it earst traind. Sy trainden efter de sporthal. Om Michael, Gerben, Jeffrey en Jorrit mei de groep nije wike wol iets grutter as justerjûn.

Poiesz-jeugdsponseraksje

Helje dit wykein noch efkes hurd drúven by de Poiesz yn Skearnegoutum en stypje SDS troch de munten yn de SDS-koker te dwaan!

Alde teamfoto’s

Hawwe jim noch âlde SDS-teamfoto’s lizzen dan binne wy hjir tige nijsgjirrich nei. Lis se ûnder de scanner en mail se nei info@vv-sds.nl of smyt se by ús yn de bus. Alfêst tige by tige!

Lokwinskuhhhuhuhuhuhuhuhuhhuuhhhh!

Jeffrey van der Werf is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2290)

De keepers moatte moarn al om de wyn tinke…………

 

 

 

Daliks mear!