SDS-League: ‘FC Munnaps’ pakt de wykpriis!

Weppers tiisdei 9-3-2021
9 maart 2021
Weppers freed 12-3-2021
12 maart 2021

It is dizze wike ‘FC Munnaps’ fan Bote Strikwerda dy’t de wykpriis pakt! Hy hat mar leafst 65 punten en bliuwt hjirmei ‘BarbEeltsje’ Postma, ‘Hup SDS’ fan Grietzen Broersma en ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ fan Sjoerd van Beem krekt foar.

‘FC Hallema’ is syn kopposysje kwyt. Arjen Hallema sakket mei syn ploegje nei 3 wiken boppe-oan stien te hawwen fan it 1e nei it 9e plak. ‘FC Another Rick in the Wall’ fan Rick Hendriks en ‘BarbEeltsje”Postma nimme de kopposysje tegeare oer. ‘FC Systeemplafond’ fan Jacob-Klaas Haitsma stiet hjir 2 punten ûnder en hjirnei folget ‘FC Munnaps’ op 3 punten.

Net allinnich ‘FC Hallema’ moast in aardige klap ferwurkje. ‘Brouwerpower’ fan Jelmer Brouwer sakke fan it 4e nei it 28e plak………

Underyn waarden der ek aardich wat punten pakt útsein ‘Dy Kloaten’ fan Thys Bruinsma. Hy pakt mei ere de reade lantearn en pakt lyk 30 punten efterstân.

 

SDS League 2020-2021 twadde helte stand wike 4