Weppers moandei 6-8-2018

Weppers tiisdei 30-7-2018
31 juli 2018
Weppers freed 10-8-2018
10 augustus 2018

Fuotbal begjint hast wer

It is hast wer dien mei de keatserij. Dizze wike de Freule noch en kommende sneon al wer de earste training foar SDS 1 en SDS 2.

Freule (1)

Woansdei 50 partoeren op de list foar de Freulepartij. Opmerklik is it ûntbrekken fan it partoer fan Easterein. Is dit ea earder bard? Miskien dat in keatshistorikus út Easterein (of Frjentsjer) dit wit?
Ek Itens stiet dit jier net op de list

Freule (2)

Foar Wommels keatse de SDS-ers Wessel Schraa en Luka van der Weg mei Jelle Sieperda. Foar Reahûs Turns keatse de SDS-ers Ruerd Andringa en Jeffrey van der Werf mei Pieter de Jong.

Rudy


Alve jier lyn ferleat SDS fuotballer Rudy Hobbenschot mei syn gesin Nederlân. Sij gyngen nei Sweden. Ofrûne sneon in artikel yn de Ljouwerter Krante oer harren.