Weppers freed 1-7

EK league nei tongersdei 30-6
30 juni 2016
EK league nei freed 1-7
1 juli 2016
Nije leider A1
Justerjûn hat SDS A1 alwer foar it earst traind ûnder lieding fan de nije trainer Meint Hofstra. Nei it trainen hawwe de mannen efkes noflik mei syn allen sitten. Dêr waard ek bekend makke dat Johan Heerma folgend seizoen leider wurdt fan A1 en trainer Meint Hofstra assistere sil.
Prizen SDS EK-League
De prizen foar de SDS EK-League binne as folgt:
1e priis: €100,-
2e priis: €50,-
3e priis: €25,-
Poedelpriis: €10,-
Kompetysje-yndieling SDS 1
Hjir de kompetysje-yndieling fan SDS 1 foar folgend seizoen.
Bant
DWP
Griffioen
Heeg
Heerenveense Boys
NOK
Oeverzwaluwen
Oudehaske
QVC
SDS
SVM
Waterpoort Boys
Willemsoord
Workum
Barfrijwilligers frege
Op woansdei 27 july is de Jong-Feintepartij yn Easterein. No wurdt der noch socht nei barpersoniel. Wa is dan net op fakansje of oan it wurk en kin efkes efter de bar?
Mail nei Sjoukje van der Eems!
Wat soe it dochs moai wêze as wy as SDS de KF hjirmei út de brân helpe kinne!
Slotjûn SDS 3
De fuotballers fan SDS 3 hawwe jûn harren slotjûn. Sy sille by Harm-Auke Dijkstra yn de tún it súksesseizoen 2015-2016 nochris oereidsje en ûnder it genot fan in hapke en in snapke op in grut skerm Wales – België sjen.
Iepenloftspul Jorwert
De SDS’ers Sjoerd van Beem en Skelte Anema dogge ek dit jier wer mei oan it Iepenloftspul yn Jorwert. Rekkenje der mar op dat it wer tige de muoite wurdich is om der efkes te sjen.
WK
Justerjûn wie wer it twa-wyklijkse WK yn Wommels. Hjir it ferslach:
Wommelser Kampioenskip
Dizze editie wiene der twa spylstylen te bewonderjen. Team lui: Jan M, Elger T, Erik H, Teun en Wiebe H, Jaap T, Ralph W. Dit team hong laks en futloos foar de goal, inkele flegmatieke spilers binne de middenline net oerwest. Mar se hiene, sa as de IIslanders goed kinne, in hechte definsje mei Jan as de uterste foarm fan lui wêzen, mei de auto komme en de hiele jun op goal stean. Toch kamen se der gefaarlik út en snijden se inkele kearen troch de defensje fan Team Actief: Johan en Henk P, Willem W, Jacob klaas H, Tsjipke O, Lourens vd P, Pieter S. Dit team makke it spul, gooide in protte energie en arbeid yn’e wedstriid, mar rûnen toch faak yn it mes fan de tsjinstanders fan dizze jûn. De einstân wie dan ek yn it foardiel fan team lui. Lokkich is der dan toch altyd noch kans op in winnende goal, de apotheose fan’e jun. Team actief seach de kopkes fan team lui al belûken, se hiene yn harren eagen al tefolle energie ferspile. Se koene dan ek net foarkomme dat team actief oan it langste ein luts. Miskien hie Jan de auto foar de goal parkeare moaten…. Tiisdei 19.30 is it folgende WK.
Harsens derby (1729)
Toet, toet, Iniesta!