Weppers freed 1-11-2019

Weppers tongersdei 31-10-2019
31 oktober 2019
Sneon 2-11-2019
1 november 2019

SDS 1 spilet topper tsjin Workum 1

Sûnt ferline sneon stiet SDS op 2 punten fan de beide koprinners Sneek WZ en Workum. De Workumers komme sneon nei Easterein.  Koach Douwe Posthuma hellet syn begjinopstelling út dizze 14 spilers: 1 Jaap©, 2 Remco, 3 Erik, 4 Jacob-Klaas, 5 Wiebe, 6 Wierd, 7 Peter, 8 Pieter, 9 Steven, 10 Matthijs, 11 Lourens, 12 Marco, 13 Gerwin, 14 Frank

SDS VR.1 wer thús

Om 12.30 oere treedt SDS VR1 oan tsjin NOK VR1 yn Easterein. Om ’t SDS 1 en 2 beide A-kategory binne en net op it B-fjild spylje meie spilet SDS Vr.1 op ‘e nij op fjild 2. Ferline wike is dat best befallen mei in oerwinning op konkurrint GAVC. Hooplik befalt it moarn wer sa best!
Dizze seleksje is om 11.30 oere oanwêzich: Dina, Femke, Froukje (MO19), Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Richtsje, Sieta, Sietske en Seriette.

Kin SDS 2 Drachtster Boys 3 foarbij op de ranglist?

De Drachtsters hawwe 9 punten en SDS 2 hat 2 der 7.  It ideale momint sneon om 12.00 thús om de Drachtsters te passearen op de ranglist.  Dizze seleksje sil it dwaan moatte:
Sjoerd W, Luuk, Bauke, Arjen, Dirk, Ewout, Jort, Jurjen, Lieuwe, Robin, Sjoerd de V, Tjeerd, Wesley en Wietze.

SDS 3 frij

Mei mar 9 teams yn de kompetysje is der regelmjittich in frije sneon. Sa as no.

SDS 4 nei Heech

Om 14.30 spilet SDS 4 yn Heech tsjin Heeg 3. Sij hawwe 9 punten en SDS 4 hat er 6. Dizze seleksje pakt om 13.30 oere noch in bakje kofje yn Easterein:
[30-10 00:06] Allert Turksma: Da bei
[30-10 06:05] Martijn Rispens Nieuw Nieuw: Aardbei
[30-10 08:15] Wietse Vink: Da bei + auto en riide
[30-10 13:26] Doede Sijsling: Aan
[30-10 13:28] Johannes Abma: Aan
[30-10 13:34] Gert jan hessels: Aan
[31-10 13:13] Johan wtd: Aanwezig bij deze
[31-10 13:14] Jelmer Brouwer: Aanwezig
[31-10 17:28] Steffen Jokertje: Ik ga mee als supporter 💪🏼 kan evt een beetje vlaggen
Igor K + auto
Sgt Jelmer P
Mark Postma
Sytse H
Ralph W
Bouke Fopma misschien zaterdag aanwezig

SDS 5 spilet topper tsjin sc Bolsward 5

Beide ploegen hawwe noch gjin ferliespunten en dus wurdt it in nijsgjirrich en spannend potsje moarn yn Easterein. Om 14.30 binne se te sjen op fjild B.
Dit is de seleksje: Auke, Dirk-Yde, Feite, Harm D, Gert-Jan, Henk, Jan-Simon, Robert, Tjeerd, Syb, Tsjipke, Wichard, Doede-Douwe en Pieter-Lieuwe.
Daan flagget!

Noflik!

It wurdt moarn in noflike middei yn Easterein. Sawol SDS Vr.1, SDS 1, 2, 5 en JO19-1 meie thús balje. It sil him net oan de nije kuolkast lizze!

Pupillenfjildsje

Op it fjildsje foar de boksen is moarn fansels ek wer de Minileague om 11.00 oere. Om it pupillenfjildsje wat kreas te hâlden is it net de bedoeling om d6er yn te skoppen.

De nije Treffer

De nije Treffer is klear! Ynkoarten leit der by jim troch de bus. Mochten je rjocht op in Treffer hawwe, mar net ien krije lit dit ús dan witte fia info@vv-sds.nl .

Harsens derby (2175)

Om de Warkumers moarn wat ûntwike te kinnen hat SDS 1 juster in spesjale training hân.