Weppers freed 1-10

SDS League: Bram van Beem pakt wykpriis!
1 oktober 2010
Seleksjes 2-10
1 oktober 2010

Skiedsrjochter frege
Beste mensen,
Door verschilende oorzaken zijn er 2 oktober nogal wat vaste scheidrechters afwezig.
Wie zou er SDS 3 willen fluiten om 12:30.
Een reactie naar
famvink@ziggo.nl
groetjes, Andre

André helpt André
De oprop hjirboppe hie sukses. André Bons fluitet moarn SDS 3. Super.

Seleksjes
Letter hjoed sille
de seleksjes wer op dizze side ferskine. SDS 1 mei 14, SDS 2 mei 14, SDS 3 mei 13, SDS 4 mei 11, SDS 5 mei 12 en SDS 6 mei 15 man. It is allegear wer krekt genôch, mar wij hawwe der begryp foar dat de CDA leden ôfsein hawwe, om sneon tsjin it akkoard te stemmen.

Fetgehalte

It fetgehalte is in tema binnen SDS. Der wurdt op tongersdeitejûn hast gjin sjips mear iten. Seker yn it bywêzen fan oaren litte je dat spul stean. In loopke nei in kafetaria is hast it selfde as in deasûnde. It is dan ek hiel ferfelend dat it anti-fetteam fan SDS justerjûn in kassabontsje fan it kafataria yn Wommels yn de kantine fûn. Ut de beurs fallen bij it beteljen. It anti-fetteam is mei feriene krêften op syk nei de patat met-, loempia met- en kroket met- iter. Lunch op 30 septimber om 11.39. Mooglik dat de kamerabylden besjoen wurde sille. Op dit momint is der ien fertochte: E.P te W.

Oflast
Wij ha fernommen dat it strjitlizzen moarn op it Saad yn Wommels ôflast is. Wij hawwe begrepen dat it fuotbal dochs foar giet.

Dien
Jeroen Brouwer sukkele al inkelde jierren mei syn knibbel en koe al in skoft gjin wedstriden mear fuotbalje. De lêste tiid trainde hy hiel
foarsichtich mei de B-seleksje en dit gie knap oan ’t juster. Justerjûn gie it ek knap, mar dat wie syn kûtspier. Wy binne bang dat Jeroen no nea wer in bal doart te reitsjen. Betterskip!

Harsens derby(305)
Sommige ferdedigers weagje harren libben om in goal fan de tsjinstanner te foarkommen. Dat is noch neat fergeleken by dizze ferdediger: