SDS League: Bram van Beem pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 30-9
29 september 2010
Weppers freed 1-10
1 oktober 2010

Foar Bram van Beem kin de wike net mear stikken. Earst op woansdei mei SDS 6 winne en no ek noch de wykpriis winne mei “Sweinnie” yn de SDS League. En dat op syn jierdei hjoed. Dat is dus fjouwerdûbel feest, want syn broer Sjoerd is hjoed ek jierdei!
Fan herte lokwinske allegear!
Jim kinne Bram hjir lokwinskje en Sjoerd hjir.
KlaverjasRecord 2350
Bram grutsk op syn wykpriis!

Jelmer Postumus is syn kopposysje yn de SDS League kwytrekke oan FC Grasmat fan Erwin de Boer. Erwin stiet no 4 punten foar op “Postmeister”.

Lolke Bouma seach woansdeitejûn in bult doelpunten by it sealfuotbaljen. Dit kompenseert hooplik it oantal punten yn de SDS League dizze wike. Lolke pakte mei “The Butchers” mar 11 punten en Greet mar 13. Greet Bouma nimt mei “NHIBD”(Neerlands Hoop in Bange Dagen) sels de reade lantearn oer fan “Spilie, Dûse, Sûpe” fan Arjen Los en E.T. Lolke stiet hjir noch krekt ien plakje boppe.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 3.