Wepperkes(tongersdei)

Goed nijs foar SDS 6
11 maart 2004
SDS League: Kapitein Henk allinne boppe-oan!
11 maart 2004

Lekke bânnen
It bestjoer fan SDS wol freed oanjefte dwaan fan de lekstekkerij fan fytsbânnen ôfrûne sneon. Sy hawwe hjirby de nammen noadich fan degenen dy ’t sneon in lekke bân hiene. Dizze minsken moatte efkes kontakt opnimme mei Dukke van der Weij (tel: 0515-332340).

Knibbel
Christian Hoekstra hat al skoften lêst fan de knibbel en de dokter kin mar net goed fine wat der oan ‘e hân is. Dizze moanne sil de dokter Christian syn knibbel fan binnen besjen. Hy docht dit op ‘e operaasjekeamer. Wy hoopje dat der Christian syn knibbel meitsje kin en dat hy mar wer gau fuotbalje mei.

Foarbeskouwing EK 2004
At je efkes neat te dwaan hawwe dat moatte je efkes sjen op www.sabetocht.nl Hjir skriuwt Kapitein Henk (of broerke Murk?) in foarbeskouwing op it EK 2004. Je kinne dit fine ûnder “The road to the finals…(1)”. It is de muoite wurdich om efkes te lêzen.

Beker SDS 2
De lotting foar de beker is alwer west. SDS 2 spilet folgende wike sneon(20 maart) thús tsjin 1eklasser Viboa út Winsum(Grins). It is net hielendal dúdlik at SDS no by de lêste 8 of de lêste 16 sit. Lieder Durk Okkema sil dit útsykje.

Nooit Grappig
“Supportersgeluiden in een oerwoud is nooit grappig”  (www.nooitgrappig.com)

André Polet
SDS 1 moat sneon tsjin Wykels/Hallum. Wichtige man by Wykels/Hallum is André Polet. Hy stiet 2e yn de “Schutterstop” fan it Friesch Deiblêd mei 21 doelpunten. Juster stie der in stik oer André Polet yn it Friesch Deiblêd. Hjir kinne jimme it lêze; stik oer André Polet

Nijlân-Urk

By de standaardteams is foarige wike al lotte foar de folgende ronde. Hjir is it allegear wat dúdliker. Der binne noch 32 ploegen en de lotting foar de rest fan it toernoai is al dúdlik. Ek is der bekend wannear at de folgende rondes spile wurde. Ynteressant om te sjen is dat Nijlân thús moat tsjin Urk (op tiisdei 23 maart) en dat SDS oars tsjin ACV moatten hie at sy net ferlern hienen fan DIO Easterwâlde.

Loting vierde ronde (20, 21 en 23 maart): 1. Harkemase Boys – Wolvega, 2. Zwaagwesteindede – Siddeburen, 3. Flevo Boys – The Knickerbockers, 4. DIO Oosterwolde – ACV, 5. Nijland – Urk, 6. Be QuickGr. – Peize, 7. ‘d Olde Veste’54 – RES, 8. Genemuiden – ASC, 9. PKC’83 – Roden, 10. Oudehaske – WKE, 11. ONS Sneek – Achilles’94, 12. SC Erica – Kuinre, 13. SVBO – Appingedam, 14. CVVB – Nieuw Buinen, 15. VVAK – ’t Fean’58, 16. Sneek – LAC Frisia. In de vijfde ronde (10 en 12 april) spelen de winnaars van 1 en 2 tegen elkaar, 3 en 4, 5 en 6 enzovoort