Wepperkes(moandeitejûn)

Wepperkes(moandeitemoarn)
13 september 2004
Wepperkes (tiisdei)
14 september 2004

Brânblusser

Mocht it yn it fjoer fan it spul efkes te bot gean by de spilers of de heiten en memmen fan E1 hat kin it brântsje maklik blust wurde. Siepie Fopma is lieder fan dizze ploech en …brânspuitman by it korps fan Wommels. Ofrûne sneon waard hy mei syn kollega’s kampioen fan Nederlân. Lokwinske.

 

Gerrit Hingst
Kommende sneon hat Gerrit Hingst it wer drok. Hy spilet by SDS 2 en moat dan om 12.15 oere oantrede tsjin de Weide.

Jûns giet hy fierder mei syn oare hobby: it spyljen yn de band The Zoo. Omdat de boppesteande branwarman en syn kollega’s net foarkomme koene dat “it Hintsje”yn Wommels alhiel útbaarnde, moat er jild komme om it nije ûnderkommen fan de jeugd fan Wommels te bekostigjen. In benefytkonsert yn it Dielshûs mei the Zoo op sneon 18 septimber moat de nedige sinten opbringe.

 

Kofjedrinke

De minsken wurde hieltyd luier. In lekkere pot kofje sette is der net mear by. In pad yn it Senseoapparaat en it bakje is binnen 15 tellen klear.

Gelokkich kinne je mei dit apparaat noch folle mear. Je moatte der allinne wat oare pads yn dwaan. Mei in oar smaakje en minder hiet. Wat sis ik: lekker kâld graach. Proast

 

SDS

Ferslachjouwer Radboud Droog fan de Ljouwerter Krante joech yn de kop fan syn artikel oan wat SDS ek betsjutte kin:

Slim Doeltreffend Snel

Dat wie fansels leuk betocht. Mar yn it jubileumboek fan SDS (wat noch altiten te krijen is foar 5 euro) steane ek al wat typearingen.

Sjouwe Drave Sjitte

Switte Douche Sitte

Swetse Dopje Sûpe

Yn de tiid dat Klaas Dijkstra trainer wie en Andries en Sjouke it foar it sizze hiene by SDS , waard er al praten oer:

Stuiver Dijkstra  Sjoukema

It waard sels noch slimmer doe’t Sibe syn eigen posysje wat oerskatte en oanjoech dat it

Sibe De Seefûgel betsjutte

Wy witte seker dat er folle mar mooglikheden binne. Wy ferwachtsje jim reaksjes op info@vv-sds.nl

 

Futsal 3
Okkerlêsten hearden wy Hendrik Okkema klaaien oer it feit dat futsal 2 samar futsal 3 wurden wie. Sûnder oerlis mei him. Dat komt wierskynlik dat futsal 2 ferline jier te min yn it nijs wie, Nea krigen wy in berjochtje hoe’t it gien wie. Wy wolle dit jier graach wat mear nijs bestede oan futsal 3. Mei oare wurden: wy wolle jim wol besykje op de kaart te setten. It soe allinne moai wêze dat ien of meardere fan dizze leafhawwers ús efkes op de hichte bringe fan de resultaten en nijtsjes. Dat mei yn in persoanlik petear, dat mei fia in brief, fia de tillefoan, fia de postdo, mei de email of mei in sms-ke. It makke ús neat út.
Hjirby moate wy ek noch efkes melde dat SDS 3 foarige wike net mei 8-6, mar mei 6-2 ferlear fan Haskerland. Ús bron blike net hielendal betrouber.