Wepperkes (tiisdei)

Wepperkes(moandeitejûn)
13 september 2004
Wepperkes (woansdei)
15 september 2004

Goeie berichten út Spannum
Yn Spannum witte sy hiel goed hoe ’t it komt dat SDS 1 sa goed prestearet. Wy krigen it folgende bericht fan ús razende reporter Hendrik E.

2 Ex-Spilers fan SDS ut Spannum; Paus en Kardinaal yn in preek yn ‘e feest-tinte.
Der rest no fest in goeie segen op SDS”.(Hendrik E. út S.)

Wedstriidferslach SDS 1
Hjir koenen jim al it ferslach lêze fan de reporter fan ’t Fean ’58 oer de wedstriid fan ôfrûne sneon. Ek de Ljouwerter Krante joech de wedstriid juster in soad aandacht yn ‘e moandeiskrante. Hjir kinne jimme dan ek noch it ferslach fan in insider lêze. Klik
hjir foar it ferslach fan Wichard Deinum.

SDS League
Wy hawwe sa ’n 60 dielnimmers foar de nije SDS League. Jammer genôch hawwe in soad minsken it dit kear ôfwitte litten. Hindert neat want des te mear kâns hawwe degenen dy ’t al meidogge. Ein dizze wike kinne jimme hjir de earste stân fine.

Op it wurk
As ik yn ‘e nachttsjinst sit dan fyn ik wolris efkes tiid om de webside wat by te wurkjen. Op it wurk hâlde sy alle rekken mei my(neffens Meinte).

Bron:Meinte Wesselius.

Topskoorders SDS 2
Op de webside fan De Weide 2 binne ek de topskoorders fan SDS 2 taheake yn ‘e topskoorderslist fan de Reserve-1e Klasse. Henk Postma stiet mei 2 goals dielt 3e. Klik
hjir om de hiele list te besjen.

Futsal yn Easterein
Dizze wike spylje sawol it 1e as it 2e sealteam fan SDS thús. SDS 1 spilet om 20.00 oere tsjin ONT/CHZ en SDS 2 om 20.50 oere tsjin SC Genemuiden. Kom foar de aardichheid woansdeitejûn efkes yn ‘e sporthal yn Easterein om dizze wedstriden te sjen. SDS 3 spile justerjûn al tsjin Old Forward út. De útslach is ús noch net bekend.