Wepperkes(moandeitemoarn)

Wêr tocht Willem oan?
13 september 2004
Wepperkes(moandeitejûn)
13 september 2004

Foto
In goeie wike lyn lieten wy in foto sjen fan in “prettich”lichem. In oantal minsken reagearden derop: It wie of Enne Jehannes, Eddy of Ype. Wy joegen al oan dat it Ype Tiemersma wie en dat pleit net foar him. Hendrik de Jong joech oan dat wy fergetten wiene der by te setten wa’t it goed rieden hie. Dat wie dus Hendrik de Jong.

Foto’s(2)?
Jammer genôch hat der net ien reagere op ús oprop om foto’s te mailen fan teams it ôfrûne wykein. Wy hoopje dat der kommend wykein mear animo foar is. As der ien is dy ’t wykein teamfoto’s meitsje wol dan kin hy maile nei
info@vv-sds.nl. Degene mei it fototastel fan SDS wol brûke.

Bekerwedstriden
Der binne de ôfrûne wiken hiel wat bekerwedstriden spile. Fan senioren oant pupillen en fan fjild oant seal. Sa’t wy oersjen kinne hat allinne SDS 2 en SDS –futsal de folgende ronde helle. Of binne der ek jeugdteams trochgien? Wy wolle it graach witte. Mail nei
info@vv-sds.nl
SDS 35 + sil foar de beker kommende woansdei yn Heech oantrede tsjin de wat âldere fuotballers fan dy klup. Omdat er in ljochtynstallaasje is begjint it pas om 19.30 oere. Grutte ôfwêzige is dan Eddy de Boer. Hy lit syn ploech yn de steek foar Ajax- Juventus.

Belangstelling
SDS 1 stiet folop yn de belangstelling. Ferline wike wie Omrop Fryslân “live”by de wedstriid SDS-Hurdegaryp. Yn Surhústerfean wiene ferslachjouwers fan û.o it Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante.

Doelpuntenmakkers
Under it kopke senioren kinne jim alle wiken in bywurke topskoorderslist fine. Der binne al 26 ferskillende spilers dy’t meielkoar 35 doelpunten skoord hawwe.

Trainerscursus
De trainer fan SC Cambuur, Dick de Boer, joech freed op Omrop Fryslân nei de wedstriid tsjin FC Zwolle in lytse trainerscursus. Hy die dat op Cruijffiaanse wize. Dit sei der:”Als je beter bent dan moet je winnen, want als je slechter bent verlies je meestal”. Jammer dat Cambuur sa faak slechter is……

Piet Kempes(r)?
Piet Kemper giet fan SDS 4 nei SDS 5. Dat is it team wêr as hy foarich seizoen ek diel fan útmakke. SDS 5 ferwachtet in soad goals fan him. By SDS 4 neamen sy him net foar neat (nei de âld-Argentijnse spits) “Piet Kempes”. Yn Easterein stiet hy ek wol bekeind as Piet Baantjer.

LC-Coach
De stân yn de LC_Coach (subleague SDS)wurdt noch altiten oanfierd troch Willem. Peter en Mark sitte krekt efter him. Dit is de stân wat de SDS-subleague oangiet:

1 Willem W Hey Ho Let’s Go Wommels 146
2 Peter Rutger United Easterein 139
3 Markie FC Sabetocht Wommels 130
4 Gearard Posthumus FC Wommels Wommels 126
5 sponsors bedankt sds in de linker rij Easterein 97
6 Sibe Skrokkers Wommels 97
7 Ruurd Boorsma VV ’t Maximale Bolsward 95
8 Bundy Married with footbal Wommels 91
9 Mr de Jong SDS kampioene easterein 77
Klik hjir en jimme kinne de stân sjen fan alle Wommelsers. It docht bliken dat net alle Wommelsers dy ’t fan fuotbal hâlde ek automatysk SDS’ers binne.

Ferslach SDS 1
Op de webside fan Voetbalnoord koenen wy al in ferslach fine oer de wedstriid fan ’t Fean ’58-SDS 1 fan ôfrûne sneon. De reporter fan ’t Fean ’58 is aardich posityf oer SDS. Klik hjir foar it ferslach.

VV De Weide 2
SDS 2 moat sneon thús tsjin De Weide 2. Dizze ploech hat in eigen webside. Jimme kin yn it gastenboek lêze dat VV De Weide sneon mei 0-2 ferlern hat fan koprinner HZVV. Ek stean de rest fan ‘e útslagen fan ôfrûne wykein en de nije stân yn it gastenboek. Klik hjir mar ris. Op hun webside hâlde sy ek de topskoorderslist by foar de Reserve-1eKlasse. Sy sille de kommende wike de SDS’ers derby sette.