Wepperkes -woansdei-

SDS League:Materazzi pakt wykpriis!
20 maart 2007
Kantine ôfbrutsen! Leve de nije kantine!
21 maart 2007

SDS F5 al wer op de foto
De jongste spilers fan SDS (F5) kinne wol tinke dat it in gewoante wurdt om foar alle wedstriden op de foto set te wurden. Omdat net alle spilers der de earste kear wiene, binne se ôfrûne sneon wer op de foto kommen.
Sjoch foar de foto en de nammen
bij dizze link
It wedstrydferslach fan sneon:

Onze eerste uitwedstrijd in sneek hebben we gewonnen, met 1-4. wederom een hele goede wedstrijd met van iedereen een goede inzet.
al gauw werd het 0-1 door jan en daarna had steven een paar goede reddingen, zodat we met een 0-1 de rust ingingen.
de tweede helft met hetzelfde enthousiasme, wat resulteerde in een 0-1 door jan, de 0-3 door marten, toen werd het 1-3 en jan maakte het laatste doelpunt 1-4. Ook het penaltyschieten ging heel goed, op naar de volgende thuiswedstrijd.
sietske
 
Elk syn fak
It bliuwt in boeiende mar foaral ek ferfelende man. Yn
dit filmke jout Louis van Gaal les oan in journalist.

Journalist yn spé?
Yn it Friesch Dagblad stie ferline wike in artikel oer it Bikebrenne yn Nord Fryslân. It artikel wie skreaun troch….Skelte Anema. In diel fan it artikel kinne jim
hjir lêze.

“Nije kantine”
De âlde kantine wurdt stikje by bytsje ôfbrutsen. Leve de nije (tydlike) kantine!! It komt der kreas út de sjen yn it berchhok. De Skoalleseize is drok oan de gong om alles ynoarder te meitsjen sadat de “kantine” tongersdeitejûn iepen kin. Letter hjoed de foto’s.

Namme?
De tydlike kantine is eins gjin kantine mar in berchhok ombout tot kantine. Hoe moat je soks neame? Kantinehok? Wa wit in tapaslike namme? Mail je idee nei
info@vv-sds.nl!

Dizze wike noch nei de Poiesz!

Oan ’t en mei sneon kinne jim noch de dukaten ynleverje foar de
Poeisz-dukaten-aksje. Yn de “nije kantine” fan SDS stiet de amer foar de Poiesz dukaten. Jim kinne se dêr ynleverje of yn Skearnegoutum yn de winkel. Dizze wike dus noch gau efkes nei de Poiesz, dan kinne jim folgende wike wol wer nei de Jumbo!

Anne Jansma? Klaas Brouwer?
Wy krigen in reaksje út Wytmarsum op de foto fan Anne Brouwer juster:
I
s it net sprekend Klaas Jansma fan Omrop Fryslan?
gr Nannie

 

Ik wist net dat Anne safolle boeken yn ‘e hûs hie?

Kadootsje
Wat moast Anne Brouwer op de jierdei hawwe? Enne Bruinsma hat in goed idee:
In tapaslik kadootsje foar Anne soe in âlde frambus wêze, dan kin hij der moai mei syn jonges SDS1 sneontemiddei op út.
Enne