SDS League:Materazzi pakt wykpriis!

Wepperkes -tiisdei-
19 maart 2007
Wepperkes -woansdei-
20 maart 2007

It is dizze wike “Materazzi“(Gert-Jan Hiemstra) dy ’t op “brute” wiize de wykpriis pakt. Hy hie mar leafst 47 punten. Sa wie der foar Gert-Jan dit wykein dochs noch in ljochtpuntsje nei it ferlies fan SDS 2 en PSV.

“Materazzi” is wiis mei syn priis.

It is ûnbegryplik mar El Fenómeno(Alise de Vries) sakket 3 plakken(fan 3 nei 12) wylst “El Fenómeno”(=Alves) 3 kear skoord hat.

De Knickerbockers wûnen ôfrûne sneon fan SDS 2 en dochs sakje de “Knikkerboys”(Dirk de Jong) fan 66 nei 68.

“FC Boeruuuhhh Eindhoven”(Harm-Auke Dijkstra) hie in min wykein.
PSV swier ûnderút tsjin Ajax en sels mar 10 punten. Dúdlik de ferliezer fan de wike dus.

It wie dúdlik al de wike fan de broers De Boer. Sawol “Super Solo de Boer”(Ewout) en “FC Grasmat”(Erwin) pakke in bulte punten(beide mear as 40!).
Mei heit Tamme de Boer wie it wat minder. De Vadeko Flyers waarden gjin Nederlans kampioen en syn eigen “Flyers” pakke mar 16 punten en sakje fan 40 nei 54.

Ûnderoan noch altiten Pieter Lieuwe van der Valk mei “P van P.” Hy kriget al wer wat konkurinsje fan Team Kooistra(Hans Kooistra).

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 5.